Bye Bye Beautiful is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish tusken septimber 2006 en maart 2007 en útbrocht op it album Dark Passion Play fan Nightwish út 2007. Bye Bye Beautiful wie it twadde nûmer op it album en waard op 15 febrewaris 2008 útbrocht as tredde single fan it album.

Oer it nûmer Bye Bye Beautiful is skreaun troch Tuomas Holopainen. It liet giet oer de eardere sjongeres fan de band, Tarja Turunen, dy't yn oktober 2005 mei in iepen brief troch de band ûntslein waard, en syn gefoelens foar en nei de tiid dat se har hâlding tsjinoer de band en har muzyk feroare. Der wiene al geroften ûnder fans dy't letter befêstige waarden troch Holopainen yn in ynterview. It refrein befettet de tekst "Hasto ea lêzen wat ik dy skreau? Hasto ea harke nei wat we spilen?" wêryn't it earste part in ferwizing is nei de teksten fan Holopainen en it twadde part giet oer har gebrek oan tawijing oan de muzyk.

Oer de fideoklip Yn de fideoklip foar "Bye Bye Beautiful" binne de fjouwer manlike bandleden, diels ferfongen troch fjouwer froulike modellen. Nettsjinsteande spekulaasjes soene de froulike dûbeldgongers yn dizze fideo neat te krijen hawwe mei it ûntslach fan Tarja Turunen út Nightwish.

de modellen binne fan in modelleburo yn Los Angeles.

Ines Brigman - gitaar (Emppu Vuorinen dûbeldgonger) Kyra Hultz - toetsen (Tuomas Holopainen dûbeldgonger) Leslie Crow - bas (Marko Hietala dûbeldgonger) Alicia Sixtos - drums (Jukka Nevalainen dûbeldgonger)

Muzikanten Anette Olzon - Sang Emppu Vuorinen - Gitaar Marko Hietala - Bas & Sang Tuomas Holopainen - Toetsen Jukka Nevalainen - Drums Gastmuzikanten London Philharmonic Orchestra

Kategory:Liet fan Nightwish Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2008 Kategory:Metalliet