Storytime is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish tusken oktober 2010 en april 2011 en útbrocht op it album Imaginaerum fan Nightwish út 2011. Storytime wie it twadde nûmer op it album en waard op 9 novimber 2011 útbrocht as earste single fan it album.

Oer it nûmer Storytime is skreaun troch Tuomas Holopainen. It nûmer is ynspirearre op de film The Snowman út 1982, dêr’t it tema earder fan brûkt waard troch Nightwish op it album Oceanborn út 1998. It idee foar de muzyk fan Storytime ûntstie nei't Holopainen him ôffrege wêrom't net ien in nije ferzje fan de film makke hie. De singleferzje fan it nûmer is sa'n oardel minút koarter as it orizjineel op it album Imaginaerum. Ek opfallend is it brûken fan auto-tune, dat is software om ûnsuverheden yn sjongpartijen te ferbergjen of te korrizjearjen en of om de klank fan de minsklike stim te ferfoarmjen. Yn lettere ferzjes fan it nûmer mei sjongeres Floor Jansen waard dêr gjin gebrûk mear fan makke.

Muzikanten Anette Olzon - Sang Emppu Vuorinen - Gitaar Marko Hietala - Bas & Sang Tuomas Holopainen - Toetsen Jukka Nevalainen - Drums

Kategory:Liet fan Nightwish Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 2011 Kategory:Metalliet