Romain Grosjean (Genève, 17 april 1986) is in earder Frânsk-Switsersk Formule 1-koereur. Grosjean makke yn 2009 syn Formule 1-debút foar it team fan Renault by de Grutte Priis fan Jeropa. Romain Grosjean stie 10 kear op it poadium. By de Grutte Priis fan Bachrein 2020 kaam Romain Grosjean yn de earste omgong yn botsing mei Daniil Kvyat wêrby't Grosjean mei hege snelheid tsjin in muorre bedarre en foar in diel troch in fangrail. Syn auto bruts yn twaen en der ûntstie daalks in grutte brân. De halo bleau lykwols yntakt. Grosjean wist him sels te befrijen út it brânende wrak en kaam mei mar inkelde brânwûnen út de yn twaen brutsen auto.
Oersjoch Formule 1-karriêre 2009201220132014201520162017201820192020Totaal Oantal races 7 19 19 19 19 21 20 21 21 15 181 Oantal oerwinningen 0 0 0 0 0 0 0 0 0 0 0 Oantal pole-posysjes 0 0 0 0 0 0 0 0 0 0 0 Oantal fluchste omgongen 0 1 0 0 0 0 0 0 0 0 1 Oantal poadiumplakken 0 3 6 0 1 0 0 0 0 0 10 Oantal WK-punten 0 96 132 8 51 29 28 37 8 2 391 Einstân WK 23 8 7 14 11 13 13 14 18 19
Kategory:Frânsk autokoereur Kategory:Switsersk autokoereur Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Persoan berne yn 1986