Solo: A Star Wars Story, ek wol koartwei Solo neamd, is in Amerikaanske science fiction-film út 2018 mei eleminten fan aventoerefiksje, aksjefiksje, heistfiksje en fantasy. It wie de twadde op himsels steande live-actionfilm yn it ramt fan 'e saneamde antologysearje fan 'e Star Wars-mediafranchise. Yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-filmsearje folget it nei Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) en giet it foarôf oan Rogue One: A Star Wars Story (2016). De film waard regissearre troch Ron Howard, mei yn 'e haadrollen Alden Ehrenreich as Han Solo en Joonas Suotamo as Chewbacca.

De film is it oarsprongsferhaal fan 'e smokkelder Han Solo, dy't letter in held wurde sil yn 'e striid fan it Rebelleferbûn tsjin it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Hy groeit op ûnder minne omstannichheden op 'e planeet Corellia, dêr't misdiesyndikaten foar master opslane. Om dêrwei te kommen, nimt er tsjinst as ynfanterist by de Keizerlike Striidkrêften. In moeting mei de Wookiee Chewbacca liedt ta in libbenslange freonskip. Tegearre jouwe se har by de binde fan Tobias Beckett, dy't wurket foar it ûnderwrâldfiguer Dryden Vos. Dy syn rjochterhân blykt Qi'ra te wêzen, it famke oan wa't Han syn hert ferpâne hat.

Solo: A Star Wars Story krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, hoewol't der wat krityk wie op 'e kamerarezjy en de toansetting. De film waard fierders nominearre foar de Oscar foar bêste special effectss. Yn 'e bioskopen brocht Solo: A Star Wars Story lykwols 'mar' krapoan $400 miljoen op tsjin in (tige heech) budget fan $275 miljoen. De bykommende marketingkosten yn oanmerking nommen, betsjutte dat dat de film net út 'e kosten kaam en beskôge waard as in flop. Solo: A Star Wars Story waard opdroegen oan 'e neitins fan filmprodusinte Allison Shearmur, dy't ûnder de produksje kaam te ferstjerren.

Plot Under it diktatoriale rezjym fan it Galaktysk Keizerryk hearsket op 'e planeet Corellia in tastân fan anargy, wêrby't misdiesyndikaten foar master opslane. De binde fan 'e Wite Wjirmen, fan 'e aaklike frouwe Proxima, rûpelet strjitbern út troch se wurkje te litten yn in steat dy't slavernij deun benei komt. Yn dy sitewaasje groeie de weesjonge Han en syn faam Qi'ra op. As se in jier as santjin binne, drukt Han in fleske 'coäxium', tige djoere romteskipbrânstof, efteroer om foar de ôfreis fan himsels en Qi'ra fan Corellia te beteljen. Efternei sitten troch de trewanten fan frouwe Proxima witte se tegearre de romtehaven te berikken, dêr't se twongen binne it fleske coäxium te brûken om in Keizerlike dûanebeämte mei om te keapjen. It frommes lit harren troch, mar Qi'ra wurdt fuort neitiid finzen nommen troch ien fan harren efterfolgers, en Han wurdt fan har skaat troch in tichtklapte feilichheidsdoar.

Han hat gjin oare kar as om sûnder Qi'ra fierder te gean, mar hy swart dat er foar har weromkomme sil. Mei't de trewanten fan frouwe Proxima him noch altyd sykje en om't er sûnder it coäxium gjin manear hat om foar passaazje op in romteskip te beteljen, beslút er him oan te melden foar militêre tsjinst de romtemacht fan 'e Keizerlike Striidkrêften. As de rekrutearringsofsier him nei syn efternamme freget, antwurdet er dat er dy net hat, likemin as famylje. De ofsier tinkt eefkes nei en skriuwt him dan yn ûnder de namme 'Han Solo'.

Trije jier letter, nei't er omreden fan oerhearrigens fuortstjoerd is fan 'e oplieding ta piloat, tsjinnet Han as in ynfanterist op 'e planeet Mimban, dêr't it Galaktysk Keizerryk it ferset fan 'e lânseigen befolking de kop besiket yn te drukken. Under in fjildslach yn dridzige rinfuorgen moetet er dêre in trio kriminelen ûnder lieding fan Tobias Beckett, dy't har foardogge as Keizerlike militêren. Han, dy't besletten hat te desertearjen, besiket Beckett te sjantearjen om him mei te nimmen, mar Beckett, dy't it unifoarm fan in luitenant draacht, lit him arrestearje. Neitiid wurdt Han troch in pear sadistyske soldaten yn in soartemint tsjerker smiten, dêr't in Wookiee finzen holden wurdt, mei as bedoeling dat de Wookiee him opfrette sil. No wol it tafal dat Han Shyriiwook, de taal fan 'e Wookiees, ferstiet en sels in bytsje sprekke kin, en dêrmei wit er de Wookiee, dy't Chewbacca hjit, te bepraten om tegearre te ûntsnappen.

Se sette nei de romtehaven ta, dêr't Beckett-en-dy dwaande binne om in militêr transportskip te stellen. Beckett beslút harren mei te nimmen om't er beseft dat de ûnbidige lichemskrêft fan 'e Wookiee noch wolris fan pas komme kin. Neitiid nimme Han en Chewbacca mei Beckett, dy syn frou Val en de fjouwerearmige Ardennyske piloat Rio diel oan 'e stellerij fan in grutte lading coäxium dat oer it spoar ferfierd wurdt op 'e planeet Vandor. Beckett syn soarchfâldich úttochte plan wurdt alhiel yn 'e bulten jage as de Wolkeriders arrivearje, in binde plonderders ûnder lieding fan 'e maskere Enfys Nest, dy't deselde lading coäxium kape wolle. De resultearjende gaos liedt ta de ferneatiging fan it coäxium en de dea fan Val, Rio en ferskate Wolkeriders.

Beckett is neitiid bot oerstjoer oer de dea fan Val, mar hy sit suver noch mear mei de hannen yn it hier oer it ferlies fan 'e lading coäxium. It plan foar de dieverij wie nammentlik net syn eigen, sa bychtet er no op oan Han en Chewbacca, mar dat fan Dryden Vos, in heechpleaatst ûnderwrâldfiguer yn 'e Karmozinen Dage, in wiidferneamd en rûnom freze misdiesyndikaat. Han en Chewbacca biede oan om Beckett te helpen by it goedmeitsjen fan it ferlies fan it coäxium, sadat Vos him foar syn falen net fermoardzje sil. Se geane oan board fan it romtejacht fan Vos, dêr't Han Qi'ra weromsjocht. It docht bliken dat sy nei har skieding fan Han troch frouwe Proxima ferkocht is oan in oare binde, dy't har wer trochferkocht hat oan 'e Karmozinen Dage. Binnen dy organisaasje is hja troch har yntelliginsje opklommen ta assistinte fan Vos.

Han tinkt mei Beckett en Chewbacca in riskant plan op om rou coäxium te stellen út 'e minen op 'e planeet Kessel. Vos giet dêr akkoart mei, mar stiet derop dat Qi'ra harren beselskipje sil om foar him in eachje yn it seil te hâlden. Mei't rou coäxium ynstabyl is en mar beheind hâldber foar't it ûntploft, hawwe se ferlet fan in tige fluch romteskip om 'e lading op 'e tiid nei de raffinaderij op 'e planeet Savareen te bringen. Qi'ra liedt de oaren nei Lando Calrissian ta, in smokkelder en piloat dy't oer ien fan 'e fluchste romteskippen yn it Stjerrestelsel beskikt: de Millennium Falcon. Han daget Lando út ta in potsje sabacc, in kaartspul, wêrby't de ynset de Falcon is. Mar Lando spilet falsk trochdat er in hege spylkaart yn 'e mouwe ferburgen hat, en wint sa it spul. Nettsjinsteande dat seit er syn meiwurking oan 'e misje ta yn ruil foar in oansjenlik diel fan 'e winst.

Dat, mei Lando en syn eksintrike androïde mei feminine programmearring L3-37 set it selskip yn 'e Millennium Falcon koers nei Kessel, in planeet dy't inkeld berikber is fia it Kesselfliet, in nauwe trochgong troch de Akkadeeske Draaistream. Dat is in tichte, ûnferkende dize, dy't ûnfeilich makke wurdt troch los omfleanende asteroïden en planetoïden. Nei't se op Kessel oankommen binne, ynfiltrearje se de troch it Pyke-syndikaat behearske coäxiummyn as in fertsjintwurdiger fan in nije klant (Qi'ra) mei har robot (L3-37) en liifwacht (Beckett), dy't as bewiis fan goede wil in pear slaven (Han en Chewbacca) leveret om yn 'e myn te wurkjen. Wannear't Qi'ra en Beckett de Pykes yn 'e kontrôlekeamer útskeakele hawwe, befrijt L3-37 in robot fan syn twangklem om't er har yn it paad stiet. Op 'e fraach fan 'e robot wat er no moat, antwurdet se mei in sydlingse opmerking dat er de oare robots mar befrije moat. Min ofte mear by fersin ynstigearret L3-37 dêrmei in slave-opstân, mei't de befrijde robots ek de slaven befrije dy't yn 'e myn wurkje.

It is de bedoeling dat Chewbacca en Han, dy't harrensels yn 'e myn ûntdien hawwe fan har bewekkers, it coäxium stelle sille, mar Chewbacca wurdt ôflaat as er guon Wookiees mank de mynslaven sjocht, dat Han langet him syn wapen oer om harren te helpen. Dat betsjut dat it swiere wurk op Han delkomt. It slagget him it coäxium te stellen, en op 'e weromweis nei de Millennium Falcon jout Chewbacca him wer by him. Yn 'e gaos dy't de slave-opstân feroarsake hat, sjitte de bewekkers yn it wylde wei, wêrby't L3-37 op fatale wize skansearre rekket. Lando, fan wa't L3-37 sels earder oan Qi'ra ferteld hat dat er temûk fereale op har (L3-37) is, weaget syn libben om har te rêden, mar hy wit inkeld it boppeste part fan har lichem mei te skuorren. Hy wurdt dêrby yn it skouder sketten, sadat er sels troch Chewbacca rêden wurde moat.

It hiele selskip pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit de slaven en de bewekkers it fierders sels útfjochtsje. Op it berjocht fan in slave-opstân op Kessel hat it Keizerryk lykwols in stjerreslachskip stjoerd om it Kesselfliet te blokkearjen, dat Han, dy't de piloat is no't L3-37 útskeakele en Lando ferwûne is, moat útwike yn 'e ûnferkende dize. Efterfolge troch Keizerlike TIE-jagers en in reuseftich wêzen mei tentakels dat yn 'e dize libbet, kinne se op it nipperke ûntkomme oan in swart gat trochdat Beckett de motors fan 'e Falcon opfiert mei in dripke coäxium. Mei help fan Qi'ra slút Lando it ûnthâld fan L3-37 oan op 'e boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon, wêrmei't er dy beiden mei-inoar ferraant. Troch it gebrûk fan 'e navigaasjedatabase fan L3-37, dy't neffens Lando de bêste yn it Stjerrestelsel wêze soe, slagget it Han om in paad werom út 'e dize te finen en dêrby de Keizerlike blokkade alhiel te omsilen.

Slim skansearre komt de Millennium Falcon oan op Savareen, dêr't it proses om it folatile coäxium te raffinearjen, halje-trawalje úteinset. De Wolkeriders ûnder lieding fan Enfys Nest arrivearje om it coäxium te stellen, mei't se de binde fan Beckett fan Vandor ôf folge binne. Lando pykt út yn 'e Millennium Falcon en lit alle oaren oan har lot oer. Mar efter it masker fan Enfys blykt in teenagefamke beskûl te gean, dat nei eigen sizzen it masker urven hat fan har mem, in eardere Enfys Nest. Hja bringt út dat de Wolkeriders allegearre ôfkomstich binne fan planeten dy't slim te lijen hân hawwe ûnder it skrikbewâld fan 'e Karmozinen Dage, en dat se eins rebellen binne dy't weromslaan wolle tsjin it misdiesyndikaat en it Galaktysk Keizerryk, dat de opkomst fan it misdiesyndikaat mooglik makke hat. Se hawwe ferlet fan it coäxium om harren opstân mei te finansieren.

Han, dy't sympaty hat foar Enfys-en-dy, beslút om te besykjen Dryden Vos te bedragen en it coäxium oan 'e Wolkeriders ta te spyljen. Beckett fynt dat te riskant, dat hy winsket Han-en-dy it bêste en set ôf. As Han, Qi'ra en Chewbacca letter yn it jacht fan Vos arrivearje, wit dy al ôf fan Han syn plan om it coäxium oan 'e Wolkeriders te jaan en Vos ôf te konfoaien mei in substânsje dy't inkeld op coäxium liket. It docht bliken dat Beckett streekrjocht nei Vos ta gien is om Han te ferrieden. Vos hat sadwaande al syn liifwachten op twa nei stjoerd om Enfys en de Wolkeriders finzen te nimmen en, nei't se it coäxium feilichsteld hawwe, te fermoardzjen. De fetten dy't de Wolkeriders by har hawwe, blike lykwols leech te wêzen, en as it masker fan Enfys ôfgiet, blykt dêrefter in doarpeling fan Savareen beskûl te gean. Han hie nammentlik al rekkene op Beckett syn ferrie, dat hy hat it echte coäxium meinommen nei it jacht fan Vos om him te fluch ôf te wêzen.