The Phantom of the Opera is in nûmer út de musical mei deselde namme út 1986. It is komponearre troch Andrew Lloyd Webber en de tekst is skreaun troch Charles Hart en Richard Stilgoe, mei oanfoljende tekst fan Mike Batt. Yn de musical waard it songen troch Sarah Brightman en Michael Crawford, yn harren rollen as respektyflik Christine Daaé en it spûk.
Nightwish ferzje
The Phantom of the Opera waard troch Nightwish yn 2002 opnaam en útbrocht op it fjirde album fan Nightwish Century Child út 2002. The Phantom of the Opera wie it twadde nûmer op it album. En waard songen troch Tarja Turunen en Marko Hietala.
Muzikanten Tarja Turunen - Sang Emppu Vuorinen - Gitaar Marko Hietala - Bas & Sang Tuomas Holopainen - Toetsen Jukka Nevalainen - Drums
De Beste Zangers ferzje
The Phantom of the Opera waard troch Floor Jansen en Henk Poort yn de maitiid fan 2019 op Ibiza opnaam foar it Nederlânske telefyzje programma De Beste Zangers van de AVROTROS. De ôflevering fan dit duet waard op 12 oktober fan dat jier útstjoerd. En waard nei it programma troch de programmamakkers útbrocht as single, it nûmer behelle in 52ste plak yn de single top 100.
Muzikanten Floor Jansen - Sang Henk Poort - Sang
Kategory:Liet fan Nightwish Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1986 Kategory:Muzikaal wurk út 2002 Kategory:Single út 2019 Kategory:Metalliet