In hjitteweach is in perioade dy 't karakterisearre wurdt troch útsûnderlik hege temperatueren. Wat der krekt ûnder in hjitteweach ferstien wurdt, hinget sterk ôf fan wêr 't men op ierde is. It KNMI hantearret de neikommende offisjele definysje: op syn minst fiif dagen efterinoar dêr't de maksimumtemperatuer 25,0°C of mear bedraacht (simmerske dagen); dêr't op syn minst op trije dagen de maksimumtemperatuer 30,0°C of mear by bedraacht (tropyske dagen). Dizze temperatueren wurde op oardel meter boppe it meanfjild metten yn in saneamde waarhutte. Der steane op it stuit (2026) fjouwer offisjele KNMI-waarstasjons yn Fryslân dêr't ek de temperatuer metten wurd. Ljouwert (1951), Flylân (1980), Starum (1990),en Skylge (1994).
Hjitteweagen yn FryslânOmrop Fryslân 17-8-2022 Tsiende hjitteweach yn Fryslân no foarby Nr. jier earste dei lêste dei Tal dagen werfan tropysk1.19753 augustus 15 augustus 1362.197623 juny 28 juny633.19976 augustus 13 augustus844.199929 july 4 augustus745.20035 augustus12 augustus8 46.20045 augustus10 augustus 637.201823 july30 july838.201923 july 28 july649.20205 augustus16 augustus12 610.202210 augustus16 augustus73
Kategory:Waar