Gijsbert Johan (John) te Loo (Harns, 10 septimber 1928 – Ljouwert, 31 maart 2017) wie n Nederlânske politikus fan de PvdA.

Libben en wurk Te Loo keas nei syn gymnasiumoplieding yn Kampen foar in amtlike karriêre. Yn 'e jûnsoeren folge er de stúdzje rjochten oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Doe't er 30 jier wie waard er yn 1958 beneamd ta boargemaster fan Gasselte en wie doe de jongste boargemaster fan Nederlân. Begjin 1969 studearre er ôf en fuort dêrnei waard er beneamd ta boargemaster fan Borger. Nei Borger folgen efterelkoar de beneamingen ta boargemaster yn Winschoten (1972), Schiedam (1979) en Ljouwert (1983). Velde, Henk te In gesprek met oud-burgemeester Mr. G.J. te Loo in: op 't Spoor, 16e jiergong nr. 2 maaie 2007, Historische Vereniging Gasselte

Nei it beëinigjen fan syn karriêre yn Ljouwert waard er noch ferskate kearen frege as waarnimmend boargemaster: yn Feandam (1993/1994), Eibergen (1995), Reiderlân (twadde helte fan 1997) en as ôfsluting yn syn berteplak Harns (1998).

Neist boargemaster wie er ûnder mear plakferfangend-riedshear by it Gerjochtshof Ljouwert en lid fan de Centrale Raad voor Strafrechtstoepassing. Ek wie er de earste presidint-kommissaris fan de Ried fan Kommissarissen fan Afvalsturing Friesland N.V. (hannelsnamme Omrin), de ôffalferwurker fan de 31 Fryske gemeenten.

Te Loo wie eareboarger fan de stêd Ljouwert. By gelegenheid fan syn ôfskied as boargemaster fan Ljouwert yn 1993 krige er Het Metrum van de voetstap oanbean. Fersen fan skriuwers dy't yn Ljouwert wenne of wurke hawwe, binne gravearre yn hurdstiennen tablo's ferspraat oer de binnenstêd. Yn 2003 waard de poëzyrûte útwreide oant yn totaal 23 gedichten.Het metrum van de voetstap. Poëzyrûte Ljouwert

Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwert List fan boargemasters fan Harns

Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan Harns Kategory:Boargemaster fan Ljouwert Kategory:PvdA-politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2017