End of an Era. is it tredde live-album fan Nightwish. It album waard opnommen op 21 oktober 2005 yn de Hartwall Arena, Helsinki Finlân, en waard yn 'e simmer fan 2006 op 1 juny útbrocht, op DVD en in Dûbeld CD.
Oer it album It optreden yn de Hartwall Arena yn Helsinki, Finlân, op 21 oktober 2005, wie it lêste konsert fan in lange wrâldwide toer foar harren album Once. Under it konsert waard de band op it poadium beselskippe troch John Two-Hawks, dy't "Stone People" fan syn album Honor útfierde as in yntroduksje op it Nightwish nûmer "Creek Mary's Blood", mei syn stim en fluit. End of an Era is de lêste Nightwish-produksje mei Tarja Turunen as sjongeres . Nei dit konsert waard se mei in iepen brief ûntslein Metalfan.nl 23-10-2005 Nightwish ontslaat zangeres
Njonken orizjinele Nightwish-nûmers spilen se harren trije bekendste covers, Gary Moore's "Over the Hills and Far Away", Andrew Lloyd Webbers "The Phantom of the Opera" en in cover fan Pink Floyd's "High Hopes".
De spyldoer fan it konsert is 1 oere en 43 minuten. De dvd-ferzje befettet ek in dokumintêre fan 55 minuten oer de fyftjin dagen foarôfgeand oan it konsert, "A Day Before Tomorrow" en in fotogalerij.
Spyllist nû. titel skriuwers album doer1. Red Warrior (Intro fan The Last Samurai soundtrack)Dark Chest of Wonders Hans Zimmer,Tuomas Holopainen Once5:082.Planet HellHolopainenOnce4:453.Ever DreamHolopainen Century Child4:454.The KinslayerHolopainen Wishmaster4:095.The Phantom of the Opera (Andrew Lloyd Webber cover)Charles Hart,Richard Stilgoe,Mike Batt,Andrew Lloyd WebberCentury Child5:126. The SirenEmppu Vuorinen en HolopainenOnce4:537.Sleeping SunHolopainenOceanborn4:558.High Hopes (Pink Floyd cover)David Gilmour en Polly SamsonThe Division Bell6:549.Bless the ChildHolopainenCentury Child6:2510. Wishmaster (mei "The Trooper" fan Iron Maiden as intro)HolopainenWishmaster4:4411.Slaying the DreamerHolopainen en VuorinenCentury Child4:4412.Kuolema Tekee TaiteilijanHolopainenOnce4:1313.NemoHolopainenOnce4:4614.Ghost Love ScoreHolopainenCentury Child10:2915.Stone People (útfierd troch John Two-Hawks)John Two-Hawks4:0916.Creek Mary's Blood" (mei. John Two-Hawks)HolopainenOnce8:3917.Over the Hills and Far Away (Gary Moore cover)Gary MooreOver the Hills and Far Away (EP)5:2618.Wish I Had an Angel All of Them (Outro fan the King Arthur soundtrack)HolopainenZimmerOnce 7:52
Muzikanten Tarja Turunen - Sang Emppu Vuorinen - Gitaar Marko Hietala - Bas en Sang Tuomas Holopainen - Toetsen Jukka Nevalainen - Drums Gastmuzikanten John Two-Hawks - Sang en Fluit
Kategory:Album fan Nightwish Kategory:Album út 2006 Kategory:Ingelsktalich album Kategory:Livealbum