Wasted Years is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1986 en útbrocht op it album Somewhere in Time fan Iron Maiden út 1986. Wasted Years wie it twadde nûmer op it album en waard op 6 septimber 1986 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer Wasted Years is skreaun troch Adrian Smith, it nûmer giet oer ûnwennigens en ferfrjemding, lykas de negative aspekten fan de hast in jier duorjende foarige toer fan de band en persoanlike problemen dy't Smith en oare bandleden yn dy perioade trochmakken.
Muzikanten Bruce Dickinson - Sang Dave Murray - Gitaar Adrian Smith - Gitaar Steve Harris - Bas Nicko McBrain - Drums
Kategory:Liet fan Iron Maiden Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1986 Kategory:Metalliet