Be Quick or Be Dead is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn de Barnyard studios yn Harlow, Esseks en útbrocht op it album Fear of the Dark fan Iron Maiden út 1992. Be Quick or Be Dead wie it earste nûmer op it album en waard op 13 april 1992 útbrocht as earste single fan it album.
Oer it nûmer Be Quick or Be Dead is skreaun troch Janick Gers en Bruce Dickinson, It nûmer giet oer ferskate politike skandalen dy't plakfûnen yn de tiid dat it nûmer útbrocht waard.
Muzikanten Bruce Dickinson - Sang Dave Murray - Gitaar Janick Gers - Gitaar Steve Harris - Bas Nicko McBrain - Drums
Kategory:Liet fan Iron Maiden Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1992 Kategory:Metalliet