The Number of the Beast is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Iron Maiden yn 1982 yn de Battery studios yn Londen en útbrocht op it album mei deselde namme fan Iron Maiden út 1982. The Number of the Beast wie it fiifde nûmer op it album en waard op 26 april 1982 útbrocht as twadde single fan it album.
Oer it nûmer The Number of the Beast is skreaun troch Steve Harris, doe't it nûmer yn 1982 útkaam feroarsake it liet opskuor yn'e Feriene Steaten, dêr't it religieuze ûnderwerp lilkens feroarsake ûnder religieuze groepearringen. It nûmer is ynspirearre op de film Damien: Omen II út 1978, en it gedicht Tam o' Shanter fan Robert Burns út 1790.
Muzikanten Bruce Dickinson - Sang Dave Murray - Gitaar Adrian Smith - Gitaar Steve Harris - Bas Clive Burr - Drums
Kategory:Liet fan Iron Maiden Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Single út 1982 Kategory:Metalliet