I Have a Dream is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 15 maart 1979 yn de Polar Studios yn Stockholm en útbrocht op it album Voulez-Vous út 1979. I Have a Dream wie it tredde nûmer op it album en waard op 7 desimber 1979 útbrocht as fiifde en lêste single fan it album.
Oer it nûmer I Have a Dream waard skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus. Der waard ek in Spaanske ferzje makke, Estoy Soñando. By dizze ferzje waard, yn tsjinstelling ta de Ingelske ferzje, in fideoclip makke. Dy clip waard op deselde dei sketten as de klip foar Gimme! Gimme! Gimme!.
Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen
Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1979 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet