Grutte Pier Brouwerij is in bierbrouwerij yn Wyns en is oprjochte yn 2014 troch Frans Filius, Menno Feenstra en Michelle Beerstra. De brouwerij is ferneamd nei de Fryske folksheld Grutte Pier. Skiednis De brouwerij waard offisjeel iepene op 15 novimber 2014. De inisjatyfnimmers efter de brouwerij binne Frans Filius, Renze Bil, Menno Feenstra en Michelle Beerstra dy 't inoar kenne fan Speciaalbiercafe de Markies. Oant begjin 2020 wie de brouwerij allinnich aktyf as brouwerijhierder en waard der ûnder oare brouwd by Bax Brouwerij yn Grins en Admiraals Bierbrouwerij yn Aldtsjerk.

Yn Ljouwert wie oan de Slauerhoffwei de opslach en tonneseal, oant der yn 2020 in eigen broubuorkerij ynrjochte waard yn Wyns. De brouwerij hat dêr de beskikking oer in lytse ynstallaasje.

Hjoed-de-dei Yn de Brouwboerderij Bartlehiem wurde de nije bieren ûntwikkele en de wylde bieren broud lykas de Bretttûne. Dêrneist wurde der gearkomsten en rûnliedings organisearre yn it proeflokaal en kin der bier kocht wurde yn de winkel. Ek kin der online besteld wurde fia de webshop.

Sûnt 2023 wurde de bieren in België broud.

De trochnûmere mingelingen fan de bretttûnes binne ferdwûn, dêrfoar yn it plak komt de line fan Wilde Vrienden. De Kracht in de Nacht 2023 edysje is de lêste dy't makke is. Hjirfoar yn it plak komt in Stout.

Op 22 maart 2025 is de Grutte Pier Stokerij iepene, nei de oername fan Distilleerderij Trappenburg út Penjum.

Assortimint Grutte Pier Blond Grutte Pier Witbier Grutte Pier Dubbel Grutte Pier Tripel Grutte Pier Quadrupel Grutte Pier Lentebier Grutte Pier Kracht in de Nacht (leste batch makke yn 2023) Grutte Pier Friese Boezem Grutte Pier Bock Grutte Pier Jûkelburd Grutte Pier Honing Tripel Bretttûne Brouwboerderij - Brettûne Fruit - Kers Cider - hat in gouden medalje wûn by de Dutch Beer Challenge 2024 yn de kategory Innovatie/Special Sour/Brett Bretttûne #18 - dit bier komt út fet 9, 10, 11 en 12. Grutte Pier Tripel dy't fan 13-03-2018 oant 01-11-2019 yn ikenhouten fetten sitten hat en dêrnei in ekstra lagering mei mango hân hat. 1884 flessen Bretttûne #20 - dit bier komt út fet 14. Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in iken houten fet sitten hat. 720 flessen Bretttûne #24 - dit bier komt út fet 27. Grutte Pier Tripel dy't fan juny 2020 oant jannewaris 2021 yn in ikenhouten fet sitten hat. 864 flessen Bretttûne #25 - dit bier komt út fet 15. Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in ikenhouten fet sitten hat. 720 flessen Bretttûne #26 - dit bier komt út fet 16. Grutte Pier Tripel dy't fan novimber 2018 oant april 2020 yn in ikenhouten fet sitten hat. 720 flessen Bretttûne #27 - Grutte Pier Tripel dy't in ekstra jier ripe hat yn in ikenhouten whiskyfet 541 IPA 542 Honing Blond Quad Stout Aguardiente Sauterness rode wijn Twiljocht - amber, makke foar it Noardelik Film Festival yn De Harmonie yn Ljouwert Saison Het Begin Saison Droog Saison Amber Tripel Puur mei koriander Boezem Biologisch Blond - fan elke ferkochte liter wurdt in stikje lanbougrûn kocht fia de koöperaasje Land van Ons Elixer - Fries Helden Stout mei Boomsma bearenburch Frysk Bier Pompeblêd (hjitte earder Frysk Bier Amber) Hopman Harry - brett IPA Admiraal Yu Sun-sin - Koreaanske saison yn gearwurking mei Seoul Brewery Searje Wilde Vrienden Rood II - Vlaams Rood mei de cabernet cortis regent drúf (gearwurking mei Barriques d'Éte) Wit II - wyld fergiste grisette mei gewürztraminer (gearwurking mei Barriques d'Éte) Kers II - grape ale 3,5 jier op Spansk iken mei chardonnay druven en ierdbeien (gearwurking mei Rockin' Ludina) Roodvuur - 3 jier bier op bourbonfet (gearwurking mei Rockin' Ludina) Cinema Paradiso - (gearwurking mei Galway Bay Brewery (Ierlân) en Alchemik (Bulgarije) Gerookte Citroën - wyld fergist bier mei rikke sitroenen Grape Ale Rode Wijn Grape Ale Witte Wijn Searje Strijdkunsten Dos Calvados - quadrupel foar ien kear, ripe op Calvados fetten De Wildeflirt - quadrupel ripe op Moscatel fetten De Kopergloed - quadrupel ripe op Glenburgie fetten De Schat van de Zeebonk - stout ripe op Rum Plantation fetten De Vatbreker - Grutte Pier Quadrupel ripe op in Woodford Reserve bourbonfet Keltisch Vuur - quadrupel 2 jier ripe op Ierske whiskeyfetten Noordenwind, Oostenwind, Westenwind en Zuidenwind - fjouwer bieren (Grutte Pier Quadrupel) dy't op fjouwer ferskate VC ginfetten ripe binne Bieren yn opdracht

Van Daal Barrel Aged No. 1 - quadrupel ripe op Jamaican Rum fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert Van Daal Barrel Aged No. 2 - quadrupel ripe op Scotch Islay Whisky fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert Van Daal Barrel Aged No. 3 - quadrupel ripe op Calvados fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert Van Daal Barrel Aged No. 4 - quadrupel ripe op Muscatel fetten foar Grand Café De Dikke van Dale yn Ljouwert Van Daal Limoncello Wit

Keppeling om utens Webstek fan Grutte Pier Brouwerij

Grutte Pier Brouwerij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2014 Kategory:Wyns