De oblast Amoer (Russysk: Амурская область; Amoerskaja oblast) is in oblast yn it Aziatyske diel fan de Russyske Federaasje.

De oblast leit yn it federaasjedistrikt Fernost oan de Sjneeske grins, dy't troch de rivier de Amoer ôfbeakene wurdt. Belangrike sydrivieren yn de oblast binne de Seja en de Bûreja. It Stanovoiberchtme foarmet de natuerlike grins mei de republyk Sacha.

Skiednis thumb|left|250px|De daam fan de Opslachmar fan Bureja Yn de 17e iuw waard in begjin makke oan de kolonisaasje fan it gebiet troch Russen, mar dy sette fral yn de 19e iuw troch. De hjoeddeiske haadstêd Blagovesjtsjensk waard yn 1858 stifte. De tsjitnwurdige oblast waard op 20 oktober 1932 stifte as in ûnderdistrikt fan de Fier-eastlike kraj (sûnt 1938 kraj Chabarovsk). Sûnt 1948 is de oblast Amoer selsstannich.

Ekonomy Yn de boaiem wurde û.o. koal en goud fûn. De winning fan enerzjy, de metaalferwurking en de houtyndustry binne wichtige sektoaren yn de ekonomy fan de oblast.

De 'Gasferwurkingsfabryk Amoer' by de stêd Svobodny is yn syn soarte ien fan de grutste fan 'e wrâld.

Bestjoerlike yndieling en stêden De oblast Amoer is yn 20 rajon's en 9 stedsdielen ferdield. Haadstêd is Blagovesjtsjensk. Meiïnoar binne der 10 stêden en 15 plakken mei in stedsk karakter.

thumb|260px|Blagovesjtsjensk Grutste stêden Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje Blagovesjtsjensk Благовещенск 224.962 (2022) 40px Belogorsk Белогорск 64.502 (2021) 40px Svobodny Свободный 52.918 (2021) 40px Tynda Тында 32.894 (2021) 40px Zeja Зея 22.714[ (2021) 40px Raitsjichinsk Райчихинск 20.534 (2021) 40px

Befolking It ynwennertal fan de oblast rint al sûnt 1989 tebek. Neffens de sifers fan 2010 foarmje de Russen 93,43% fan de befolking. De iennige minderheid it neamen wurdich is de Oekraynske minderheid, mar harren oandiel yn de befolking is fan 3,49% yn 2002 nei 2% yn 2010 tebek rûn.

Befolkingsûntwikkeling Jier 1858 1870 1897 1926 1939 1945 1959 1970 1980 1989 2002 2022 Befolking 2.950 24.315 120.306 395.783 448.259 431.100 717.514 793.449 954.000 1.057.781 902.844 772.525

Kategory:Oblast fan Ruslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948