thumb|Bieren fan De Wâldpyk Brouwerij Wâldpyk Brouwerij is in bierbrouwerij yn Beetstersweach en is oprjochte yn 2020 troch Ronny Wagenaar.
Skiednis Yn jannewaris 2020 waard it earste kommersjele bier broud. De brouwer hat yn syn skuorre in lytse brouynstallaasje stean dêr't er de lytsere batches brout. Foar gruttere batches wurdt gebrûk makke fan de fasiliteiten fan Tsjerkebier yn Easterwierrum. It sukses fan Abe, it bier broud mei gers út it Hearrenfeanstadion, hat de trochslach jûn foar in folgjende stap.
Yn july 2021 is de brouwerij ferhuze fan It Hearrenfean nei Beetstersweach. Yn in âld pân oan de Haadstrjitte binne Ronny en syn frou Jolanda in winkel mei bierspesjaalsaak Biergek anneks brouwerij úteinset.
Hjoed-de-dei Efter de winkel komt de hjoeddeistige lytsskalige brouwerij mei in tsjettelkapasiteit fan hûndert liter. Hjir sille nije bieren ûntwikkele wurde en lytse batches broud wurde. Foar de gruttere batches wurdt noch hieltyd broud yn de tsjettels fan Tsjerkebier.
Mei yngong fan 1 jannewaris 2026 is de winkel Biergek sletten.
Assortimint
Wâldpyk Trije - Tripel Wâldpyk Stikelwetter - mei jalapeño Wâldpyk Sinne - Mandarijn saison Abe - mei gers út it Abe Lenstra Stadion yn it Hearrenfean Fjoer Fretter - mei de hytste pipers Carolina Reaper, Trinidad Scorpion en Naga Jolokia/Ghost Pepper Sweep! Punk Ale - strong ale, limitearre útjefte as earbetoan oan de punkrockkultuer 't Stoute Wicht - stout mei wichters Âlde Siel - barrel aged stout, ripe op ikehouten fetten wêr't 12 jier âlde jenever fan Boomsma ripe hat Ebenezer's De Gierige Gloed Ale - winter ale 50 Jaar De Buorskip - tegearre mei Tsjerkebier, broud yn ferbân mei it 50-jierrich jubileum fan doarpshûs De Buorskip yn Beetstersweach Bleate Haver - blûn bier broud mei bleate hjouwer
Keppeling om utens
Webstek fan Wâldpyk Brouwerij
Waldpyk Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2020 Kategory:Beetstersweach