Poe Dameron (útspr.: [ˈpoʊ ˈdæmərən], likernôch: "poo dem-muh-run") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is ien fan 'e protagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. It personaazje fan Dameron waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Poe Dameron is in minsklike man dy't himsels as piloat by it Ferset tsjin 'e Earste Oarder jûn hat. Syn bemachtigjen fan in stjerrekaart mei de lokaasje fan it geheime ballingsoard fan Jedi-master Luke Skywalker foarmet de iepeningsset fan 'e filmtrilogy. De rol fan Poe Dameron waard yn alle trije films fertolke troch akteur Oscar Isaac.
Fiktive biografy Yn The Force Awakens Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Poe Dameron yntrodusearre as de bêste piloat fan it Ferset, in paramilitêre beweging dy't him oankantet tsjin 'e oanboazjende ynfloed fan 'e Earste Oarder. Dat is in út 'e restanten fan it Galaktysk Keizerryk gearklofte ekstremistyske organisaasje is dy't nearne foar tebekskrillet, mei as doel om 'e Nije Republyk ûnder fuotten te heljen en de hearskippij oer it Stjerrestelsel nei him ta te lûken. Luke Skywalker, de lêste Jedi, is weiwurden, en it Ferset is der alles oan gelegen om him te finen, mei't it ferlet hat fan syn stipe om 'e Earste Oarder te ferslaan.
Op 'e woastynplaneet Jakku ûntfangt Dameron in stjerrekaart fan ûntdekkingsreizger Lor San Tekka, dêr't de lokaasje fan it ferbliuwplak fan Luke Skywalker op fermeld stiet. De Earste Oarder sit Dameron lykwols op 'e hakken, en foar't er mei de stjerrekaart fuortkomme kin, wurdt de delsetting dêr't Tekka wennet, oerfallen troch in ienheid stoarmtroepers ûnder lieding fan kaptein Phasma en de Sith-ridder Kylo Ren. Wylst Kylo persoanlik Tekka deadet en de stoarmtroepers befel jout it hiele doarp ôf te slachtsjen, ferberget Dameron de ynformaasjedrager mei de stjerrekaart yn syn bolfoarmige robot BB-8, wêrnei't er dy fuortstjoert ear't er sels finzen nommen en ôffierd wurde kin.
Werom op in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder wurdt Dameron martele om te witten te kommen wêr't de ynformaasje oer de lokaasje fan Luke Skywalker bedarre is. Hy wegeret en doch de mûle iepen, mar troch de Krêft te brûken wit Kylo Ren neitiid dochs oan 'e weet te kommen dat er de ynformaasje oan BB-8 jûn hat. Underwilens is ien fan 'e stoarmtroepers, FN-2187, yn gewisseneed rekke troch it bloedbad dat syn maten yn it doarp op Jakku oanrjochte hawwe. Hy beslút te desertearjen, mar hat dêrfoar ferlet fan in piloat. Dêrom befrijt er Dameron, dy't him de namme 'Finn' jout. Se stelle in TIE-jager en naaie tegearre út, mar harren tastel rekket skansearre as se mei grou geskut besketten wurde, dat se moatte in needlâning yn 'e woastyn fan Jakku meitsje. Finn, dy't út 'e TIE-jager slingere wurdt, mient dat Dameron omkomt as it tastel yn driuwsân weisakket en ûnder de grûn ûntploft.
Finn fynt neitiid BB-8 werom, dy't yn it selskip is fan 'e jonge rommelsykster Rey. Efterfolge troch TIE-jagers fan 'e Earste Oarder ûntflechtsje se Jakku trijeresoam yn in stellen romteskip, de Millennium Falcon. Dat blykt earder stellen te wêzen fan syn rjochtmjittige eigners, Han Solo en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, en wurdt troch dyselden weromeaske. Finn, Rey en BB-8 reizgje mei Solo en Chewbacca nei de planeet Takodana, dêr't harren oanwêzigens oan 'e Earste Oarder rapportearrre wurdt troch in spionne. Se wurde oanfallen troch TIE-jagers en stoarmtroepers, mar dy wurde op 'e flecht dreaun as X-wjukjagers fan it Ferset harren te help komt. De oanfal fan it Ferset stiet ûnder lieding fan Poe Dameron, dy't de needlâning op Jakku dochs oerlibbe blykt te hawwen en neitiid syn eigen paad socht hat om fan 'e planeet ôf te kommen.
(Yn 'e ferboeking fan The Force Awakens, dy't yn 2015 troch Alan Dean Foster skreaun waard, wurdt útlein dat Dameron by de needlâning op Jakku ek út 'e TIE-jager slingere wie, en pas wer by bewustwêzen kaam doe't Finn al fuortgien wie. Hy sette ek ôf troch de woastyn en mette de rommelsiker Naka Iit, dy't er holp om te ûntkommen oan romtepiraten. By wize fan tank holp Iit him doe om werom te kearen nei it Ferset.)
Tanksij it yngripen fan Dameron-en-dy wurde Finn en al syn selskipslju rêden, útsein de bewusteleaze Rey, dy't troch Kylo ûntfierd wurdt yn syn romtefear. Hy nimt har mei nei de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder, in massaferneatigingswapen dat yn it binnenste fan in planeet boud is en sa krêftich is dat it hiele planetestelsels ferdylgje kin. Werom op 'e fersetsbasis op 'e planeet D'Qar riede de lieders fan it Ferset in militêre operaasje ta om 'e Stjerredeaderbasis te ferneatigjen foar't dy tsjin harren ynset wurde kin. Der wurdt besletten om Finn mei Solo en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon nei de Stjerredeaderbasis te stjoeren om dy te ynfiltrearjen, sadat se it enerzjyskyld dat de planeet beskermet, útsette kinne. Dêrnei sil Dameron in oanfal fan it Ferset oanfiere, wêrby't de termale ossilator, it swakste punt fan 'e basis, bombardearre wurdt. As se dy witte op te blazen, sil der in keatlingreäksje begjinne dy't de hiele planeet ferdylget.
Wylst generaal Hux, de kommandant fan 'e Stjerredeaderbasis, risselwearret om mei syn skriklike wapen D'Qar te ferneatigjen, duorret it lang ear't Finn-en-dy it enerzjyskyld útkrije kinne. Dêrnei blike de X-wjukjagers fan it Ferset net folle út te rjochtsjen tsjin 'e pânsere bûtenkant fan 'e termale ossilator. As Chewbacca nei de moard op syn freon Han Solo troch Kylo Ren ûntstekt yn razernij en de eksplosiven ta ûntploffing bringt dy't hy en Solo pleatst hawwe, ûntstiet der lykwols in gat yn 'e bepânsering, dêr't Dameron syn X-wjukjager troch nei binnen fleane kin. Dêrnei is it foar him in kâld keunstke om 'e termale ossilator fan binnenút op te blazen, sadat de totale ferneatiging fan 'e Stjerredeaderbasis yn gong set wurdt.
Yn The Last Jedi Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) moat de basis fan it Ferset op D'Qar ûntromme wurde om't de lokaasje dêrfan bekend wurden is by de Earste Oarder. De evakuaasje ferkeart yn 'e lêste stadia as de float fan 'e Earste Oarder û.l.f. generaal Hux yn it planetestelsel fan D'Qar arrivearret. De lieding fan it Ferset, wêrûnder generaal Leia Organa en admiraal Gial Ackbar, jout opdracht ta in oanfal op 'e fijannige float troch de eigen X-wjukjagers en bommesmiters. De lieding fan dy aksje wurdt taparte oan Dameron.
De oanfal is eins bedoeld as in efterhoedegefjocht, dat de fijân ophâlde moat oant de lêste fersetssskippen it oerflak fan D'Qar ferlitten hawwe. Dameron sjocht lykwols in kâns om 'e Fulminatrix, in stjerreslachskip fan 'e Earste Oarder te ferdylgjen, en negearret befellen om him werom te lûken troch de oanfal troch te setten. Dêrby geane op ien nei alle bommesmiters fan it Ferset ferlern. De lêste, it tastel fan piloate Paige Tico, rekket skansearre en kin inkeld de lading bommen útgoaie as Paige dat sels hânmjittich docht. Hja offeret harsels op; de oanfal slagget en de Fulminatrix wurdt ferneatige, mar foar it Ferset is it in Pyrrusoerwinning, mei't de ferliezen dy't se lit hawwe net wer goed te meitsjen binne. Dameron wurdt neitiid troch Leia foar it negearjen fan befellen yn rang weromset fan luitenant-kolonel ta kaptein.
De restearjende fersetsfloat ûntsnapt nei de hyperromte en waant him feilich, mar de Earste Oarder hat in apparaat ûntwikkele wêrmei't skippen sels troch de hyperromte hinne folge wurde kinne. In heale minút nei't de fersetsfloat op in hiel oar plak de reële romte wer ynkomt, arrivearret dêr ek de float fan 'e Earste Oarder. By in oanfal troch de TIE-jagers fan 'e Earste Oarder wurdt de brêge fan 'e Raddus, it flaggeskip fan 'e fersetsfloat, rekke en slim skansearre, en alle oanwêzigen, wêrûnder de hiele lieding fan it Ferset, wurde de romte yn blaasd as alle lucht út 'e brêge nei bûten ta ûntsnapt. Dêrby komme admiraal Ackbar en de oare fersetslieders om, en inkeld Leia wit troch manipulaasje fan de Krêft te oerlibjen, hoewol't se slim ferwûne rekket.
Mei Leia bewusteleas yn 'e sikeboech en de oare lieders dea nimt fise-admiraal Amilyn Holdo it befel oer it Ferset oer. It is foar eltsenien dúdlik dat it gjin sin hat om nochris te besykjen en ûntkom fia de hyperromte, om't it Ferset noch mar brânstof hat foar ien hyperromtesprong, en de float fan 'e Earste Oarder gewoan folgje soe. De lytse romteskippen fan it Ferset binne flugger as de logge stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder, en kinne dêrom krekt bûten berik fan 'e grutte plofferkanonnen bliuwe. Der ûntstiet in relatyf stadige efterfolging mei minder-as-ljochtfaasje troch de reële romte, dy't lykwols net mear as in pear dagen duorje kin foar't it Ferset troch de branje hinne is.
Nei in oanfarring mei Holdo ferliest Dameron alle fertrouwen yn 'e fise-admiraal. As Finn en monteur Rose Tico, de jongere suster fan Paige, by him komme mei in eigenbetocht plan om 'e fersetsfloat te rêden, seit Dameron harren dêrom syn stipe ta. It idee is om it apparaat wêrmei't de Earste Oarder it Ferset troch de hyperromte folget, te sabotearjen, mei't dêr mar ien eksimplaar fan bestiet. Finn, dy't in desertearre stoarmtroeper is, wit it te finen en Rose kin it útsette. Wat se misse is in koadebrekker om harren tagong te ferskaffen ta de romte mei it apparaat, dat efter slot en skoattel bewarre wurdt. In holografysk petear mei fersetssympatisante Maz Kanata ferwiist harren datoangeande nei in gokker yn it kasinoresort Canto Bight, dy't in reade blom op it revêr fan syn kolbêrjaske draacht. Dameron en luitenant Kaydel Ko Connix, dy't it mei him hâldt, helpe Finn, Rose en Dameron syn robot BB-8 stilwei út te piken, sadat se yn in lyts romtefear troch de hyperromte nei Canto Bight reizgje kinne.
Hieltyd mear romteskippen fan it Ferset komme sûnder brânstof te sitten en wurde troch de Earste Oarder oan grôt sketten, en úteinlik is inkeld in flaggeskip, de kruser Raddus, noch oer, dêr't alle fersetsbemannings gearbrocht binne. Mar ek dat skip driget sûnder brânstof te reitsjen. Fise-admiraal Holdo risselwearret om alle opfarrenden yn lytse transportskippen fuort te stjoeren. Dameron fynt dat plan lef en nutteleas, mei't de transportskippen warleas wêze sille foar de kanonnen fan 'e Earste Oarder. Mei luitenant Connix en inkele oare meistanners komt er dêrom yn opstân en nimt it befel oer de kruser oer. Underwilens komme Finn, Rose en BB-8 werom fan Canto Bight, dêr't se de master-koadebrekker troch omstannichheden mist hawwe, mar ynstee út it pleatslike tichthûs de lûsje hacker DJ oppikt hawwe foar de put. Harren misje oan board fan it fijannige flaggeskip rint lykwols op in mislearring út as se trappearre wurde troch Finn syn eardere befelfierend ofsier, kaptein Phasma, dy't harren yn 'e hechten slaan lit.