Novosibirsk (Russysk: Новосибирская область, Novosibirskaja oblast) is in oblast fan Ruslân. De haadstêd Novosibirsk leit 3.191 km fan Moskou.
Geografy It gebiet leit yn it súdeastlike diel fan it Westsibearyske Leechlân tusken de Ob en de Irtysj. De oblast grinzget oan de oblasten Tomsk (noarden), Kemerovo (easten), de kraj Altaj (suden), oan de lângrins fan Kazachstan (súdwesten) en oan de oblast Omsk (west).
Foar it measte is it lânskip fan de oblast flak. Allinne de súdeastlike steppes hawwe wat mear reliëf. It noardlike diel bestiet út bosk. De oblast is ryk oan marren, wêrfan't de grutste marren yn it suden lizze. De grutste mar is de Tsjanymar, dy't troch de oanlis fan keunstmjittige eilannen en damen foar in diel opdrûge is. Oare marren binne de Sartlanmar en de Ubinskojemar. De rivieren yn de krite rinne nei de Ob.
Skiednis De oblast waard op 28 septimber 1938 oprjochte.
Befolking De befolking is foar mear as 90% Russysk. Dústers, Tataren en Oekraïners binne etnyske minderheden yn de oblast, mar dy wurde yn oantal lytser. Dêrfoaroer hawwe in soad minsken út de Transkaukaazje en Sintraal-Aazje harren yn de oblast nei wenjen set.
Befolkingsferrin Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Ynwenners 1.588.000 1.863.000 2.299.000 2.505.000 2.618.000 2.782.000 2.692.300 2.780.292
Bestjoerlike yndieling en stêden Haadstêd is Novosibirsk. De stêd is ek it bestjoerlike sintrum fan it Federaal Distrikt Sibearje. Njonken Novosibirsk binne Berdsk, Iskitim, Kûibysjev en Barabinsk de grutste stêden.
De oblast is ûnderferdield yn 30 rajons en 5 stedsdistrikten. Meiïnoar binne der 14 stêden en 17 plakken mei in stedsk karakter. thumb|260px|Stasjon Novosibirsk + Grutte stêden Stêd Namme Wapen Ynwenners Lokaasje Novosibirsk Новосибирск 1.621.330 (2022) 40px Berdsk Бердск 103.544 (2022) 40px Iskitim Искитим 55.433 (2022) 40px Kûibysjev Куйбышев 43.195 (2022) 40px Barabinsk Барабинск 28.546 (2022) 40px
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1938