Mirialanen (inkeltal: Mirialaan) binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja komme fan 'e kâlde en drûge planeet Mirial, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Harren natuerlike habitat is woastyn en steppe. Mirialanen hawwe in sterke bân mei de natoer.

Mirialanen lykje sterk op minsken, yn 'e sin dat se twa skonken en twa earms hawwe, fiif fingers oan eltse hân en in gesicht mei eagen, noas, mûle en earen op it wenstige plak. Hja hawwe in hûdskleur dy't yn 'e regel grien of rôze is, mar soms giel of pears. Harren hier is swart of brún, en har eagen hawwe in blauwe, brune of pearse kleur. De measte Mirialanen hawwe ien of mear tatoeaazjes yn it gesicht fan in geometrysk patroan dat harren persoanlike prestaasjes symbolisearret.

Krekt as minsken hawwe Mirialanen twa geslachten, manlik en froulik. Se binne ien fan mar in pear rassen fan bûtenierdske wêzens dy't har mei minsken fuortplantsje kinne.

Sjoch ek Luminara Unduli

Keppelings om utens Artikel oer Mirialanen yn Wookieepedia, de offisjele Star Wars-Wikipedy

Kategory:Fiktive bûtenierdske libbensfoarm út Star Wars Kategory:Fiktyf elemint yntrodusearre yn 2002

en:List of Star Wars species (K–O)#Mirialan