Agneta Åse Fältskog (Jönköping, 5 april 1950) is in Sweedsk sjongeres en lietsjeskriuwster. Sy is bekend as ien fan de twa sjongeressen fan de popgroep ABBA. Agneta Fältskog is de mem fan aktrise Linda Ulvaeus.
Karriêre It iere begjin thumb|left|160px|Agneta Fältskog yn 1974 Agnetha Fältskog begûn doe't se 8 jier wie mei pianolessen en song by it koar fan de pleatslike tsjerke. Begjin 1960 foarme Fältskog in muzikaal trio, de Cambers, mei twa freondinnen. Se treden lokaal op yn lytsere sealen, mar giene al gau útinoar fanwegen gebrek oan opdrachten. As fyftjinjierrige stoppe se mei skoalle om har op in sjong karriêre te rjochtsjen.
Solokarriêre (1966–1971) Fältskog song twa jier by de Bernt Enghardt-band. Yn dy tiid luts Karl Gerhard Lundkvist, in famyljelid fan ien fan de leden fan de band, him werom út syn suksesfolle rock-'n-roll-karriêre en begûn te wurkjen as plateprodusint by Cupol Records. Enghardt stjoerde him in demo-opname fan de band, mar Lundkvist toande allinnich ynteresse yn Fältskog. Se makke har soargen om't er net ynteressearre wie yn de band en se net op de plaat opnaam wurde soene. Se besleat lykwols om it oanbod te akseptearjen en tekene in platekontrakt by Cupol Records. Har selsskreaune debútsingle Jag var saparkär waard opnaam en útbrocht fia Cupol Records. Yn 1968 folge har debútalbum en oant 1971 folgen noch trije albums. Yn maart 1969 moete Agnetha de sjonger Björn Ulvaeus, en al gau waarden se in koppel. Yn 1972 spile Fältskog Marije Magdalena yn de Sweedske produksje fan de ynternasjonale musical Jesus Christ Superstar. Dêrnei late har relaasje mei Ulvaeus en harren freonskip mei Benny Andersson en Anni-Frid Lyngstad ta de foarming fan ABBA.
ABBA (1972–1982) De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier hie de popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits. Mei ABBA brocht Agnetha Fältskog njoggen studio-albums en twa live-album út.
Fuortsetting solokarriêre Yn maaie 1983 brocht Fältskog har earste solo-album nei ABBA út, Wrap Your Arms Around Me. Oant 1987 folgen noch trije albums. Nei it útbringen fan I Stand Alone út 1987 luts Fältskog har úteinlik foar mar leafst 17 jier werom út it iepenbiere libben en wijde in soad fan har tiid oan astrology, yoga en hynsteriden yn har lânhûs yn Ekerö. Yn april 2004, brocht Fältskog it album, My Colouring Book út. Yn 2013 kaam de opfolger mei de tige koarte titel A út.
Priveelibben Fältskog waard berne yn Jönköping, Götaland, Sweden, as earste yn in gesin fan twa bern, har heit wie manager yn in warehûs. Agnetha Fältskog hat twa kear boaske west, njoggen jier mei Björn Ulvaeus. Agnetha Fältskog hat út dy twa relaasjes twa bêrn, wêrûnder aktrise Linda Ulvaeus, har âldste dochter.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s)Agnetha Fältskogdesimber 1968Agnetha FältskogFölj med mej,Slutet gott, allting gott,En sommar med dig,Den jag väntat på,Svövit och de sju dvärgarnaAgnetha Fältskog Vol. 2novimber 1969En gång fanns bara vi två,Hjärtats kronprins,ZigenarvänSom jag äroktober 1970Om tårar vore guld,Ta det bara med roNär en vacker tanke blir en sång1971Kungens vaktparad,Många gånger änRing Ring26 maart 1973ABBAPeople Need Love,He Is Your Brother,Ring Ring,Another Town, Another Train,I Am Just a Girl,Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough),Rock'n Roll Band,Nina, Pretty BallerinaWaterloo4 maart 1974Waterloo,Honey, Honey,Hasta MañanaABBA21 april 1975So Long,I've Been Waiting for You,I Do, I Do, I Do, I Do, I Do,Bang-A-Boomerang,SOS,Mamma Mia,Rock MeElva kvinnor i ett hus1 desimber 1975Agnetha FältskogDom har glömt,SOSArrival11 oktober 1976ABBADancing Queen,Money, Money, Money,Knowing Me, Knowing You,That's MeABBA: The Album12 desimber 1977The Name of the Game,Take a Chance on Me,EagleVoulez-Vous23 april 1979Chiquitita,Does Your Mother Know,Voulez-Vous,Angeleyes,As Good as New,I Have a DreamSuper Trouper3 novimber 1980The Winner Takes It All,On and On and On,Super Trouper,Happy New Year,Andante, Andante,Lay All Your Love on MeNu tändas tusen juleljusoktober 1981Agnetha & LindaThe Visitors30 novimber 1981ABBAOne of Us,When All Is Said and Done,Head over Heels,The VisitorsWrap Your Arms Around Me31 maaie 1983Agnetha FältskogCan't Shake Loose,The Heat Is OnEyes of a Womanmaart 1985One Way Love,I Won't Let You GoI Stand Alonenovimber 1987The Last Time,Let It Shine,I Wasn't the One (Who Said Goodbye)Kom följ med i vår karusell1987Agnetha & ChristianMy Colouring Book23 april 2004Angnetha FältskogIf I Thought You'd Ever Change Your Mind,When You Walk in the Room,Sometimes When I'm DreamingA10 maaie 2013The One Who Loves You Now,When You Really Loved Someone,Dance Your Pain Away,I Should've Followed You HomeVoyage5 novimber 2021ABBAI Still Have Faith in You,Don't Shut Me Down,Just a Notion,Little Things,No Doubt About It
Kategory:ABBA Kategory:Sweedsk sjonger Kategory:Sweedsk lietsjeskriuwer Kategory:Sweedsk popartyst Kategory:Persoan berne yn 1950