Ring Ring is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch ABBA op 10 jannewaris 1973 yn de Metronome Studios yn Stockholm en útbrocht op it album mei deselde namme út 1973. De Sweedske ferzje fan Ring Ring wie it earste nûmer en de Ingelske ferzje fan Ring Ring wie it tsiende nûmer op de Skandinavyske ferzje fan it album en it earste nûmer op 'e Ynternasjonale ferzje dêr't de Sweedske ferzje fan it nûmer net op stie. It liet waard op 14 febrewaris 1973 útbrocht as tredde single fan it album.

Oer it nûmer Ring Ring wie oarspronklik yn it Sweedsk skreaun troch Benny Andersson en Björn Ulvaeus tegearre mei harren manager Stig Anderson. De Ingelske oersetting waard makke mei help fan Neil Sedaka en Phil Cody mei de bedoeling om der in modern popnûmer fan te meitsjen, as ynstjoering fan de Sweedske foarrondes fan it Eurofyzje Sjongfestival, wat yngean soe tsjin de tradisjonele songfestivalnûmers fan doe. Ta har ûntnochtering einigen se op it tredde plak.

Yn de kombinearre single/album hitlist fan Sweden mei namme Kvälllstoppen stie op 10 en 17 april 1973 op itselde stuit de Sweedske ferzje Ring ring (bara du slog en signal) op nûmer 1, de Ingelsktalige ferzje op nûmer 2 en it album op nûmer 3. De titel Ring ring stie op nr. 1, 2 en 3.

Muzikanten Agnetha Fältskog – Sang Anni-Frid Lyngstad – Sang Björn Ulvaeus – Sang & Gitaar Benny Andersson – Sang & Toetsen

Gastmuzikanten Janne Schaffer - Gitaar Rutger Gunnarsson - Bas Ola Brunkert - Drums Ulf Andersson - Saksofoan

Kategory:Liet fan ABBA Kategory:Single út 1973 Kategory:Popliet Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Sweedsktalich liet