right|thumb|180px|Ofbylding fan Floaris III Floaris III (om 1140 hinne – Tyrus,Antiochje, 1 augustus 1190) wie fan 1157 oant 1190 greve fan Hollân.
Skiednis Floaris folge yn 1157 syn heit Durk VI op as greve fan Hollân. Hy wie in trouwe bûnsgenoat fan de Dútske keizer Freark Barbarossa. Yn 1158 en fan 1176 oant 1178 stie hy de keizer persoanlik by yn syn striid yn Itaalje.
De greven fan Hollân, Gelre en hartochdom Kleef dienen alle mei oan de tredde krústocht. Keizer Freark Barbarossa ferdronk doe't hy in rivier oerstekke soe en greve Floaris III ferstoar net lang nei him op 1 augustus 1190, fan útputting yn Antiochje. Oare boarnen geane der fanút dat hy ferstoarn is oan de pest dy’t yn Antiochje op dat stuit hearske. Hy is te hôf brocht yn de Petrustsjerke fan Antiochje.
Famylje Floaris wie troud mei Ada fan Skotlân, de suster fan de Skotske kening Malcolm IV. Hy troude op 28 septimber1162 en tegearre krigen se 10 bern, 5 soannen en 5 dochters.
Durk, dy’t syn heit as Durk VII opfolgje soe. Willem, dy’t it greefskip fan Ada, de dochter fan Durk VII ôfnimme soe. Hindrik Floaris, dy’t biskop fan Glasgow wurden is. Boudewyn Ada, dy’t troude mei Otto I fan Brandenburch Sofia Margaretha, dy’t letter trouwe soe mei Durk V fan Kleef Elisabeth, (jong ferstoarn) Agnes, dy’t abdis wurden is yn Rijnsburg.
Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Krúsridder Kategory:Nederlânske adel Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Hûs fan Hollân Kategory:Persoan berne yn 1140 Kategory:Persoan stoarn yn 1190