right|thumb|180px|Floaris IV Floaris IV (24 augustus 1210 – 19 july 1234) wie fan 1222 oant 1234 greve fan Greefskip Hollân en Seelân.
Skiednis Hy wie de soan fan Willem I en Aleid fan Gelre.
Yn 1222 folge Floaris IV syn heit op. De earste pear moanne, oant hy op syn tolfde jier folwoeksen waard, stie hy ûnder fâdy fan greve Boudewyn fan Bentheim. Floaris IV troude om 1224 hinne yn Antwerpen mei Machteld fan Brabân. Machteld wie op it momint fan de ferloving 14 jier âld en koart dêrfoar al widdo.
Floaris IV wreide syn gebiet út mei it lân fan Heusden en Altena. Hy ferstoar by in toernoai yn Corbie yn Frankryk op 19 july 1234. Hy is te hôf brocht yn de abdij fan Rynsburch.
Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Nederlânske adel Kategory:Persoan dy't omkommen is by in sportûngemak Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Hûs fan Hollân Kategory:Persoan berne yn 1210 Kategory:Persoan stoarn yn 1234