Star Wars: Episode II – Attack of the Clones is in Amerikaanske science fiction-film út 2002 mei eleminten fan fantasy, oarlochsfiksje en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy en it fyfde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode I – The Phantom Menace út 1999. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones waard regissearre troch George Lucas mei yn 'e haadrollen Ewan McGregor, Natalie Portman en Hayden Christensen. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering II – Oanfal fan 'e Kloanen".

De film spilet tsien jier nei de foarfallen yn it foargeande diel fan 'e filmsearje. De plot folget de Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn padawan Anakin Skywalker as hja opdracht krije senator Padmé Amidala te beskermjen, op wa't in (mislearre) moardoanslach dien is. Wylst Padmé mei Anakin as liifwacht ûnderdûkt op har thúswrâld Naboo, giet Obi-Wan efter de dieders oan. Hy ûntdekt in ferburgen wrâld, in leger fan kloanen en in gearspanning om 'e Galaktyske Republyk ûnder fuotten te heljen. Underwilens reitsje Anakin en Padmé fereale opinoar. Star Wars: Episode II – Attack of the Clones krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. It lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy kaam yn 2005 út ûnder de titel Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith.

Plot Tsien jier nei de Nabookrisis wurdt de Galaktyske Republyk bedrige troch in separatistyske beweging fan tûzenen planetestelsels dy't har ôfskiede wolle. Hja hawwe har feriene yn 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't ûnder lieding stiet fan 'e mysterieuze greve Dooku, in eardere Jedi-master. Yn 'e Galaktyske Senaat hat de nije Separatistyske Krisis ta in rop laat om in steand leger op te rjochtsjen, eat dat de Republyk oant no ta ûntbeart. Padmé Amidala is ûnderwilens, nei it úttsjinjen fan har beide terminen as keninginne fan Naboo, op fersyk fan har opfolchster, keninginne Jamillia, senator foar Naboo wurden. Sy besiket, as liedster fan 'e pasifistyske faksje yn 'e Senaat, it wetsfoarstel ta de oprjochting fan in steand leger tsjin te hâlden.

Padmé keart foar de stimming oer it wetsfoarstel werom nei de Galaktyske haadstêd op 'e planeet Coruscant. Op oanrikkemandearring fan kaptein Gregar Typho, it haad fan har befeiliging, reizget hja as piloat fan ien fan 'e beide romtejagers dy't it romteskip fan 'e senator begeliede. De reis liket sûnder swierrichheden te ferrinnen, mar koart nei de lâning op Coruscant wurdt it romteskip ferneatige troch in bomoanslach, wêrby't Padmé har assistinte Cordé, dy't har plak ynnommen hie, en ferskate oaren de dea fine. Neitiid wurdt Padmé troch de Jedi-masters Yoda en Mace Windu, de lieders fan 'e Hege Jedi Ried, ûnder beskerming fan 'e Jedi Oarder pleatst, ek al hat se dêr sels de nedige beswieren tsjin. Op fersyk fan kânselier Palpatine wurdt oan Padmé har âlde freonen, Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn padawan Anakin Skywalker, de taak jûn om as har liifwachten te fungearjen.

Anakin is syn eardere moetings mei Padmé, doe't hy in njoggenjierrige slavejonge en sy in fjirtjinjierrige keninginne wie, nea fergetten. Hy tinkt noch eltse dei oan har en is smoarfereale. Har koele hâlding as se inoar wer sjogge, komt him raar op it sear. Dyselde nachts wurdt der in nije oanslach op Padmé har libben dien, dy't Anakin en Obi-Wan mar nauwerneed witte te ferideljen. Se sette de hiermoardneresse Zam Wesell efternei, dy't foar de oanslach ferantwurdlik is. Dat liedt ta in lange en spektakulêre efterfolging troch de grutstedske fermiddens fan Coruscant. Op 't langelêst flechtet Wesell in nachtklub yn, dêr't de Jedi har te pakken krije. Se seit dat se wurket yn opdracht fan in preemjejager, mar ear't se syn namme ferriede kin, wurdt se deade mei in giftich pylkje. Neitiid kriget Obi-Wan fan 'e Hege Jedi Ried opdracht om dy preemjejager op te spoaren, wylst Anakin mei Padmé nei Naboo reizgje moat om dêr mei har ûnder te dûken.

Obi-Wan lit it pylkje dêr't Zam Wesell mei deade is, sjen oan in freon fan sines, de eardere aventoersman Dexter Jettster, no de útbater fan in goedbesochte kafetaria op Coruscant. Dyselde fertelt him dat it in wapen is dat brûkt wurdt troch de bewenners fan 'e planeet Kamino, dy't him krekt bûten it Stjerrestelsel befynt. Hy seit ek dat de Kaminoänen bekend steane as de produsinten fan kloanen. Obi-Wan giet nei it argyf fan 'e Jedi Oarder, dêr't er lykwols neat oer Kamino weromfine kin. De argivaris, frou Jocasta Nu, seit tsjin him dat as it argyf der gjin ynformaasje oer hat, de planeet net bestean kin. Obi-Wan stelt lykwols fêst dat yn 'e krite fan 'e romte dy't Dexter neamd hat, de posysje fan alle stjerren beynfloede wurde troch de swiertekrêft fan in stjer dy't mist op alle kaarten út it argyf. Master Yoda konkludearret dat immen alle ynformaasje oer Kamino út it argyf wiske hawwe moat. Mei't inkeld in Jedi-ridder soks dwaan kinne soe, fynt er dat tige ûntrêstgjend. Hy jout Obi-Wan opdracht om nei it plak te reizgjen dêr't Kamino wêze moat, mar dêrby op syn iepenst te bliuwen.

Underwilens binne Anakin en Padmé mei de robot R2-D2 op Naboo arrivearre, dêr't se har yn oerlis mei keninginne Jamillia en gûverneur Sio Bibble weromlûke yn in filla yn it marredistrikt, in ôfhandige fakânsjebestimming. Nettsjinsteande it feit dat Anakin as Jedi-ridder gjin romantyske relaasjes oangean mei, stiket er dêr iepentlik om Padmé. Sy hâldt earst de boat ôf, mar jout letter ta dat se ek fereale op him is. Se wikselje in tút út, mar Padmé beslút dat der neat goeds fan komme kin om ta te jaan oan harren gefoelens, en dat se dêrom de rêch rjocht hâlde moatte.

Oankommen op 'e oseaanplaneet Kamino wurdt Obi-Wan gastfrij ûnthelle troch minister-presidint Lama Su en dy syn assistinte Taun We. Dyselden ferkeare ûnder de yndruk dat er kommen is om te sjen hoe't it foarderet mei it leger fan kloansoldaten dat de Kaminoänen oan it produsearjen binne. Obi-Wan, dy't fan neat wit, spilet lykwols it spultsje mei en komt sa oan 'e weet dat sa'n leger tsien jier earder besteld is troch Jedi-master Sifo-Dyas, út namme fan 'e Hege Jedi Ried en de Galaktyske Senaat. Mei't Sifo-Dyas om dyselde tiid hinne omkommen is, fertrout er it spul net. It docht bliken dat as genetysk sjabloan foar it oanmeitsjen fan 'e kloansoldaten in Mandaloriaanske preemjejager brûkt is, dy't Jango Fett hjit. Op syn fersyk wurdt Obi-Wan troch Taun We by Fett brocht, dy't op Kamino tahâldt yn it selskip fan Boba Fett, in tsienjierrige kloan fan himsels dy't er as syn soan grutbringt. Fett hâldt út dat hy net troch Sifo-Dyas foar dizze put ynhierd is, mar troch in man dy't Tyranus hjit.

Obi-Wan, dy't it taliket dat Jango Fett de preemjejager is dy't er siket, nimt kontakt op mei Yoda en Mace Windu foar't er fierdere aksje ûndernimt. Dyselden hearre ek raar op fan it bestelde leger kloansoldaten en befêstigje dat Sifo-Dyas foar it dwaan fan dy bestelling gjin tastimming hie fan 'e Hege Jedi Ried of de Senaat. Se jouwe Obi-Wan opdracht om Jango Fett yn 'e hechten te nimmen om mear oer dizze skimige kwestje oan 'e weet te kommen. Troch de moeting mei Obi-Wan rûkt Fett ûnderwilens lykwols ûnrie, en mei Boba besiket er út te piken yn syn romteskip, de Slave I. Obi-Wan komt him op it lâningsplatfoarm oer it mad en der folget in gefjocht. Dat wit Fett te winnen mei de help fan Boba, dy't de plofferkanonnen fan 'e Slave I betsjinnet en sa tuskenbeiden komt. Heit en soan Fett witte yn harren romteskip te ûntkommen, mar net foar't Obi-Wan it skip fan in stjoerderke foarsjoen hat, sadat er it op ôfstân folgje kin.

Underwilens hat Anakin op Naboo te lijen fan almar oanboazjende fizioenen oer syn mem Shmi, dy't de foarm fan nachtmerjes oannimme wêryn't hja pine lijt. As er lang om let beslút dat it net inkeld ynbylding is, mar dat er fia de Krêft echt wat fan har gewaarwurdings fernimt, beslút er nei syn thúswrâld Tatooine te reizgjen, ek al hat er opdracht krigen om by Padmé op Naboo te bliuwen. Sy lost syn dilemma op troch oan te bieden mei te gean. Mei allinne R2-D2 by har reizgje se nei Tatooine, dêr't se yn 'e delsetting Mos Espa Anakin syn eardere eigner Watto opsykje. Dyselde fertelt harren dat er syn slavinne Shmi jierren lyn ferkocht hat oan 'e boer en widner Cliegg Lars, dy't har frijkeapje woe om't er fereale op har rekke wie. Neitiid binne hja mei-inoar troud.

Anakin en Padmé reizgje nei de pleats fan Lars by de delsetting Anchorhead, dêr't se yn 'e kunde komme mei Cliegg Lars, Anakin syn styfheit, en mei syn styfbroer Owen, in foarsoan út Cliegg syn earste houlik, en dy syn faam Beru Whitesun. Cliegg fertelt dat Shmi likernôch in moanne lyn ûntfierd is troch in clan Tusken-kapers, in ras fan ksenofobyske bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine. Hy is mei in groep fan tritich minsklike boeren de woastyn yn gien, efter harren oan, mar se binne yn in mûklaach rûn. Der binne mar fjouwer fan harren libben weromkommen, ûnder wa Cliegg sels, dy't in skonk ferlern is. Hoewol't Cliegg en syn soan en oansteande skoandochter it Anakin besykje te ûntpraten, mei't Shmi nei alle wierskynlikheid al dea is, set Anakin lykme-allinne de woastyn yn om syn mem te sykjen.

Mei oanwizings fan in clan Jawa's dy't Anakin treft en troch op 'e Krêft te fertrouwen fynt er de clan Tusken-kapers werom dy't syn mem ûntfierd hat. Under dekking fan it nachtlik tsjuster kringt er harren kampemint binnen en fynt er dêr syn mem werom. Shmi is lykwols sa mishannele, dat se fuort letter yn syn earms oan 'e har tabrochte ferwûnings beswykt. In freeslike razernij wurdt Anakin oermânsk en yn dy breinroere steat slachtet er de hiele clan Tusken-kapers ôf, de froulju en bern ynbegrepen. Neitiid keart er mei it stoflik omskot fan syn mem werom nei de Lars-pleats, dêr't hja begroeven wurdt. Anakin bychtet oan Padmé op wat er dien hat, mar hoewol't hja ûntrêstge is troch wat er har fertelt, hâldt se tefolle fan him om him de rêch ta te kearen. Hy beswart har dat er meitiid sa machtich wurde sil yn 'e Krêft, dat er it ferstjerren fan dejingen fan wa't er hâldt, foarkomme kinne sil.

Obi-Wan folget Jango en Boba Fett nei de woastinige planeet Geonosis, dêr't er in gearkomste ûntdekt en ôfharket fan greve Dooku en de oare lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Dêrûnder binne de foaroanlju fan it Keapmansgilde, de Techno Uny en de Yntergalaktyske Bankêre Groep, en ek in âlde bekende: Nute Gunray, de Neimoïdyske ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Ut it petear wurdt dúdlik dat Gunray dejinge is dy't efter de moardoanslaggen op Padmé sit, mei't er noch altyd wrokket dat se him tsien jier lyn, yn 'e Nabookrisis, ferslein hat. Ek docht bliken dat Dooku, mei de help fan aartshartoch Poggle de Mindere fan Geonosis, in reuseftich leger oarlochsandroïden oan it produsearjen is foar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Obi-Wan, waans romteskip skansearre rekke is yn in gefjocht mei Jango Fett, ferstjoert syn befinings nei Anakin op Tatooine mei de opdracht om se troch te stjoeren nei de Hege Jedi Ried op Coruscant. Underwilens is er lykwols opmurken en fuort letter wurdt er finzen nommen.

Dooku, dy't foarhinne in Jedi-ridder wie en de master fan Obi-Wan syn âlde master Qui-Gon Jinn, siket Obi-Wan neitiid op yn syn sel. Hy leit syn rol út by de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en praat er derop om dat in grut part fan 'e Galaktyske Senaat nei it pipen dûnsje soe fan in Sith-master dy't Darth Sidious hjit. Dêrnei besiket er Obi-Wan oer te heljen om him by him te jaan om Darth Sidious tsjin te hâlden, eat dat Qui-Gon neffens him ek dien hawwe soe as er noch libbe. Obi-Wan stegeret him lykwols ôf.