Cornelis (Cees) Egas (Holwert, 1 augustus 1913 - Alkmar, 21 desimber 2001) wie in Nederlânsk politikus út namme fan SDAP en letter de Partij van de Arbeid.

Egas wie lânbou- en fiskerij-wurdfierder fan de PvdA-Twadde-Keamerfraksje fan de PvdA. Hy wie in Fryske boeresoan, dy 't sels op jonge jierren lânarbeider waard en dy't aktyf wie yn de sosjalistyske jeugdbeweging, de AJC. Syn mem wie learares húshâldkunde oan de folkshegeskoalle Allardseach ûnder Bakkefean.

Nei de oarloch wurke er yn it foarmingswurk yn Fryslân. As lânbousaakkundige waard er foarme yn de rûnte fan de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA.

As Keamerlid hold er yn de jierren fyftich en sechstich praatsjes foar de VARA-radio oer lânbou yn de rubryk 'Voor het platteland'. Yn it kabinet-Cals wie er as steatssekretaris belêstige mei maatskiplik wurk. Hy sette him sawol yn dy funksje as neitiid as Twadde Keamerlid en bestjoerder yn foar de belangen fan âlderein.

Nei syn fuortgean út it parlemint folge er kursussen kulturele antropology, sosjology, psychology en filosofy oan de Frije Universiteit Amsterdam.

Publikaasjes De Duivel is Oud, 1975 Onze toekomst. Tien vragen over welzijn, 1993

Kategory:Frysk boere-arbeider Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk lânboukundige Kategory:Frysk sosjalist Kategory:SDAP-politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk boere-arbeider Kategory:Nederlânsk lânboukundige Kategory:Nederlânsk steatssekretaris Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Holwert Kategory:Persoan berne yn 1913 Kategory:Persoan stoarn yn 2001