Stone Cold Crazy is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Queen yn 1974 en waard útbrocht op it album Sheer Heart Attack fan Queen út 1974. Stone Cold Crazy wie it achtste nûmer op it album.
Oer it nûmer Stone Cold Crazy waard skreaun troch alle bandleden mei-inoar hoewol't Freddie Mercury it nûmer jierren foardat Queen oprjochte waard al spile mei syn band Wreckage. "Stone Cold Crazy" stiet bekend om syn rappe tempo en it gebrûk fan ferfoarmers foar gitaren.
Muzikanten Freddie Mercury – Sang Brian May – Gitaar John Deacon – Bas Roger Taylor – Drums
Ferzje fan Metallica
Yn 1991 makke Metallica foar in kompilaasje album Rubáiyát: Elektra's 40th Anniversary fan it label Elektra in metalferzje fan it nûmer Stone Cold Crazy en brocht it letter út as B-kânt fan de single Enter Sandman. Yn 1998 brocht Metallica it album Garage Inc út mei allegear covers; it tsiende nûmer op de dûbeld-cd fan it album is Stone Cold Crazy fan Queen.
Muzikanten James Hetfield - Sang & Gitaar Kirk Hammett - Gitaar Jason Newsted - Bas Lars Ulrich - Drums
Kategory:Liet fan Queen Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1974 Kategory:Muzikaal wurk út 1991 Kategory:Hardrockliet Kategory:Metalliet