De oblast Tûla (Russysk: Ту́льская о́бласть, Tulskaja oblast) is in federale bestjoersienheid yn Ruslân. It leit geografysk yn it Europeeske diel fan it lân en makket diel út fan it Sintrale Federale Distrikt. Haadstêd is Tûla.

De oblast heart ta de meast ûntwikkele en ferstedske gebieten fan Ruslân. De measte ynwenners fan de oblast wenje yn de stêdekloft Tûla-Novomoskovsk, in stedsk gebiet mei in befolking fan mear as ien miljoen.

Geografy Tusken it sintrum fan Tûla en it sintrum fan Moskou lizze 185 km; fan de stedsgrinzen ôf is dat 150 km. De lingte fan de hiele oblast is fan noard nei súd likernôch 200 km, wylst dy fan wêst nei east 190 km is.

De oblast grinzget mei de klok mei oan de oblast Moskou yn it noarden en dan oan de oblasten Rjazan (easten), Lipetsk (súdeasten), Orjol (súdwêst) oant Kalûga yn it wêst.

Yn de oblast streame mear as 1.600 rivieren en streamkes. De wichtichste rivieren binne de:

Don Oka Upa

Natuerlike rykdommen yn de oblast binne izererts, brúnkoal en kalkstien.

Bestjoerlike yndieling en stêden thumb|260px|Dûma fan Tûla oblast De oblast Tûla hat 30 stedske plakken te ferdielen yn 19 stêden en 11 plakken mei in steds karakter (flekke), dy't yn twa stedssdisrikten en 19 rajons lizze.

Befolkingsûntwikkeling De oblast Tûla is ien fan de oblasten mei in hurd sakjend ynwennertal. Dat hat te meitsjen mei fergrizing; likernôch in tredde fan de ynwenners sit yn de groep fan de minsken dy't mei pinsioen binne.

Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022 Befolking 1.419.456 1.504.851 2.048.695 1.920.308 1.952.467 1.907.575 1.861.411 1.675.758 1.432.570

Stêden Stêd Russysk Bestjoersienheid Ynwenners Stêd sûnt Wapen Lokaasje Aleksin* Алексин Aleksinski rajon 57.102 1777 40px Arsenjevo Арсеньево Arsenjevski rajon 4.622   Beljov* Белёв Beljovski rajon 12.484 1147 40px Bogoroditsk* Богородицк Bogoroditski rajon 30.199 1777 40px Bolochovo* Болохово Kirejevski rajono 8.738 1943 Donskoi* Донской stedsdistrikt 61.477 1939 40px Dûbna Дубна Dûbenski rajon 5.655 Jasnogorsk* Ясногорск Jasnogorski rajon 14.984 40px Jefremov* Ефремов Jefremovski rajon 33.965 1777 40px Kimovsk* Кимовск Kimovski rajon 25.142 1773 40px Kirejevsk* Киреевск Kirejevski rajon 26.277 1956 40px Kûrkino Куркино Kûrkinski rajon 4.856 Lipki* Липки Kirejevski rajon 8.084 Novogûrovski Новогуровский stedsdistrikt 3.342 Novomoskovsk* Новомосковск stedsdistrikt 121.674 1930 40px Odojev Одоев Odojevski rajon 5.134 40px Pervomaiski Первомайский Sjtsjokinski rajon 8.829 Plavsk* Плавск Plavski rajon 15.563 1949 Zaokski Заокский Zaokski rajon 6.196 Sjtsjokino* Щёкино Sjtsjokinski rajon 56.263 1938 40px Slavny Славный Arsenjevski rajon 1.796 Sovetsk* Советск Sjtsjokinski rajon 7.246 Sûvorov* Суворов Sûvorovski rajon 17.006 1954 40px Tjoploje Тёплое Tjoplo-Ogarjowski rajon 4.838 Tsjekalin* Чекалин Sûvorovski rajon 866 40px Tsjern Чернь Tsjernski rajon 6.183 40px Tûla* Тула stedsdistrikt 461.245 40px Uzlvaja* Узловая Uzlovski rajon 49.155 40px Venjov* Венёв Beljovski rajon 13.691 40px Volovo Волово Kirejevski rajon 3.560

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1937