Brouwerij Bûsdoek is in bierbrouwerij út Burgum.

Skiednis Yn 2016 organisearren in tal freonen harren earste bierbroujûn. It earste brousel wurdt tjemze mei in bûsdoek, by krapte oan in keukentjems. Sa is de brouwerij oan har namme kommen. Al gau wurdt der in profesjonele broutsjettel kocht, om't de fraach nei it bier hieltyd grutter waard.

Hjoed De brouwerij hat gjin proeflokaal, mar de bieren wurde yn ferskate winkels ferkocht. Ek kinne de bieren online besteld wurde.

Assortimint Wiisprater - wyt Nachtdraver - amber Trochsetter - swier blûn Kreftpatser - stout Droktemakker - New England IPA Rûchhouwer - quadrupel (mei jeneverbei en tonkabeannen)

Keppeling om utens Webstee fan Brouwerij Bûsdoek

Busdoek Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2016 Kategory:Burgum