De Oblast Kostroma (Russysk: Костромская область; Kostromskaja oblast) is in oblast yn it noardwestlike diel fan Ruslân.
Troch it súdwestlike diel fan de oblast streamt de Wolga. It klimaat is tuskenbeiden en likernôch 73% bestiet út bosk.
De ekonomy bestiet fral út houtferwurking, tekstylyndustry en it ferwurkjen fan itensguod. Dêrnjonken foarmet toerisme in wichtige boarne fan ynkommen.
Skiednis De regio is al foar it kristenjen bewenne. Oant slavyske stammen tusken de 9e en 12e iuw it lân ynnamen, bewennen finsk-ûgryske folken it gebiet. Stadichoan rekke it gebiet ûnder it bewâld fan it foarstedom Vladimir-Sûzdal en sûnt de Mongoalske oerhearsking yn de 14e iuw ferdwûn hearde it gebiet by it Grutfoarstedom Moskou.
Under Peter de Grutte waard it gebiet yn 1708 in provinsje fan it gûvernemint Moskou. Yn 1787 ûntstie it gûvernemint Kostroma, dat oant yn de Sovjet-tiid bestean bleau. Op 14 oktober 1929 waard it ûnderdiel fan de yndustry-oblast Ivanovo (Ivanovskaja Promyschlennaja oblast), wêryn't it ynearsten noch oant yn 1930 in okrûg wie.
Op 13 augustus 1944 waard út dielen fan de yn de jierren 1930 stifte oblasten Jaroslavl, Ivanovo, Gorki en Vologda lang om let de oblast Kostroma stifte.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2021 Befolking 1.081.000 1.077.000 921.000 871.000 804.000 809.000 736.600 628.400
Bestjoersyndieling en stêden De oblast Kostroma is te ferdielen yn 24 rajons en 6 stedsdistrikten. De iennige stêd mei mear as 100.000 ynwenners is it bestjoerssintrum fan de oblast, Kostroma. Meiïnoer hat de oblast 12 stêden en 7 plakken mei in stedsk karakter.
Name Russyske namme Rajon/stedsdistrikt Ynwennertal Neamde ynwennertallen binne fan 2021 en ôfkomstich fan de Russysktalige wikipedyside fan it plak; sjoch dêr foar boarnen Wapen Lokaasje Bûi Буй Bûi (stedsdistrikt) 22.960 40px Galitsj Галич Galitsj (stedsdistrikt) 16 629 40px Kady Кадый Kadyjski rajon 3.332 40px Kologriv Кологрив Kologrivski rajon 2.706 40px Kostroma Кострома Kostroma (stedsdistrikt) 277.021 40px Krasnoje oan de Wolga Красное-на-Волге Krasnoselski rajon (Kostroma) 8.193 Makarjev Макарьев Makarjevski rajon 6.266 40px Mantûrovo Мантурово Mantûrowo (stedsdistrikt) 14.747 40px Neja Нея Nejski rajon 8.474 40px Nerechta Нерехта Nerechtski rajon 20.635 40px Ponazyrewo Поназырево Ponazyrevski rajon 4.239 Sjarja Шарья Sjarja (stedsdistrikt) 23.222 40px Soligalitsch Солигалич Soligalitsjski 5.912 40px Sûdislavl Судиславль Sûdislavski rajon 4.583 40px Sûsanino Сусанино Sûsaninski rajon 3.033 Tsjistyje Bory Чистые Боры Bûiski rajon 9.489 |- Tsjûchloma Чухлома Tsjûchlomski rajon 4.906 40px Vetlûzjski Ветлужский Scharja (stedsdistrikt) 11.671 Volgoretsjensk Волгореченск Volgoretsjensk (stedsdistrikt) 16. 111 40px Eardere stêden De folgjende plakken fan de tsjintwurdige oblast Kostroma hiene eartiids stedsrjochten:
Namme(heutiger) Russysk Rajon/stedsdistrikt (tsjintwurdich) Lokaasje fan oant opmerking Kady Кадый Kadyjski rajon 1778 1924 tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel) Parvenjevo Парфеньево Parfenjevski rajon 1708 1797 tsjintwurdich doarp (selo); Namme as stêd Parfenjev (Парфеньев) Sûdislavl Судиславль Sûdislavski rajon 1719 1925 tuskentiids doarp (selo), no in delsetting mei in stedsk karakter (sjoch boppesteande tabel) Unzja Унжа Makarjevski rajon 1708 1924 tsjintwurdich doarp (selo)
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1944