Brouwerij Bjuster is in bierbrouwerij yn it sintrum fan Grou mei in kapasiteit fan 1550 hektoliter op jierbasis. Brouwmaster en bierkarmaster Auke van der Veen broude al 35 jier foar himsels en yn opdracht fan tredden. Skiednis De brouwerij waard yn 2018 oprjochte mei de winsk in eigen bierke oan de gasten fan in noch te meitsjen hoarekagelegenheid foar te setten. Yn it begjin waard der wykliks broud yn de brouynstallaasje fan 300 liter en wiene der trije fergistingstanks. Letter waard it tal fergistingstanken útwreide, sadat der faker brouwen wurde koe.

Yn 2020 waard ynvestearre yn in folslein nije brouynstallaasje, gisttanks en in bottelmasine. Mei dy útwreiding is de broukapasiteit ferhege nei 800 liter per batch en beskikt de brouwerij oer 12 x 800 liter en 6 x 600 liter fermintaasjetanks.

Hjoed Njonken it útwreide eigen assortimint wurdt der ek broud foar tredden, sa as kafees en restaurants en kin der yn opdracht bier fan eigen resepten makke wurde.

Assortimint

Bjuster Radler 10.0 Bjuster Quadrupel Bjuster Russian Imperial Stout Bjuster Winter Bjuster Lentebock Bjuster Herfstbock Bjuster Passie Weizen Bjuster Tripel Bjuster Saison Bjuster Dubbel Bjuster Wit Bjuster Weizen Bjuster Dortmunder Bjuster IPA Bjuster Porter Bjuster Session IPA Bjuster BlondBieren yn opdracht Bieren yn gearwurking

Wâldseiner Bier - blond (yn gearwurking mei Noorderbier - earder makke troch Bierbrouwerij Noarder Dragten) Oranje Bier - oranje kleurde Mexican lager (yn gearwurking mei Noorderbier)

Bieren yn opdracht Punkrock Mixtape #1 foar JP Brouwt The Breewer Tripel foar Mitra Breeuwsma yn Fryslân The Breewer Blond foar Mitra Breeuwsma yn Fryslân Reidsiler foar Marren Bier op De Jouwer Swiere Brekker foar Marren Bier op De Jouwer Slachtebier Sûnens - dunkelweizen foar Café de Ree yn Reahûs Peizer Hopbel Blond - blûn foar dinercafé De Peizer Hopbel yn Peize Peizer Hopbel Weizen - weizen foar dinercafé De Peizer Hopbel yn Peize Peizer Hopbel Tripel - tripel foar dinercafé De Peizer Hopbel yn Peize Peizer Hopbel Zwaar Blond - swier blûn foar dinercafé De Peizer Hopbel yn Peize Woudster Oranje Tarwe Bier - yn opdracht fan Brouwerij De Kroon op Leeuwarden foar Grand Café 1834 fan Parkhotel Tjaarda op It Oranjewâld

Keppeling om utens Webstee fan Brouwerij Bjuster

Bjuster Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2018 Kategory:Grou