Tammo Sypkens (Grins, 27 april 1780 - Súdbroek, 12 novimber 1842) wie in Nederlânsk politikus.

Sypkens wie in ultrakonservative Grinslanner, dy't him yn beide Keamers te war stelde tsjin steatkundige en maatskiplike herfoarmingen.

Hy wie de soan fan in heechlearaar, dy't lid wie fan de Earste en Twadde Nasjonale Gearkomste. Hy helle mei gemak syn rjochtestúdzje en bestudearre ek de (Dútske) filosofy. Neitiid wied er advokaat, rjochter en offisier fan justysje.

Yn 1821 waard Sypkens ta Twadde Keamerlid keazen en wie dêr yn 1833 foarsitter fan. De kening beneamde him yn 1834 ta Earste Keamerlid. Neffens de oerlevering wie er in gemoedlik man, noflik selskip en guodlik. Hy wie regearingsgesind ûnder it bewâld fan Willem I en Willem II.

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Twadde Keamerfoarsitter Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk ofsier fan justysje Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1780 Kategory:Persoan stoarn yn 1842