De oblast Tver (Russysk: Тверская область, Tverskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje. De haadstêd fan de oblast is Tver; oare grutte plakken binne Rzjev, Vysjni Volotsjok en Kimry.
De oblast leit yn it Russyske Leechlân en omfiemet ek heuvels fan de Waldajhichte. It gebiet is ryk oan marren (wêrûnder de Seligermar) en wurdt trochsnien troch de bopperin fan de Wolga. Likernôch 50% fan it oerflak bestiet út bosk.
De oblast wurdt omklamme fan de oblasten (mei de klok mei fanút it easten nei it suden) Pskov, Novgorod, Vologda, Jaroslavl, Moskou en Smolensk.
De foar it lân wichtige ferkearsferbinings Moskou-Sint-Petersburch en Moskou-Riga trochsnije de oblast.
Skiednis Op 25 novimber 1775 waard de 'namestnitsjestvo Tver' stifte, dy't op 12 desimber 1796 feroare waard nei it gûvernemint Tver. It gûvernemint bestie yn it Russyske Ryk oant 1917 en dêrnei oant 30 augustus 1929 as ûnderdiel fan de Russyske SFSR. Yn dat lêstneamde jier waard it gûvernemint opheft en ferdield oer Moskou en Smolensk, wylst de stêd Tver yn 1931 ferneamd waard nei de bolsjewyk Michail Kalinin en de namme Kalinin krige. It âlde gûvernemint Tver waard op 29 jannewaris 1935 wer op 'e nij stifte as oblast Kalinin.
Yn 1990 krige de stêd syn âlde namme Tver werom en de namme fan de oblast waard mei feroare yn Tver.
Befolkingsûntwikkeling Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2020 2022 Befolking 2.666.000 2.487.000 1.805.000 1.717.000 1.649.000 1.670.000 1.471.500 1.253.389 1.230.190
Bestjoerlike yndieling en stêden De oblast hat sân stedsdistrikten en 36 rajon's. De fiif grutte stêden foarmje mei de twa lytsere sletten stêden (ZATO) stedsdistrikten. De lytsere plakken foarmje mei oare plakken rajon's.
De oblast hat 23 stêden en 28 plakken mei in stedsk karakter.
Yn ûndersteande tabel steane de stêden en stedske delsettings fan de oblast mei it rajon dêr't it plak ûnder falt. De ynwennertallen binne ôfkomstich fan de Russysktalige wikipedy (oproppen 10 juny 2022) en fan 2021 en oars fan it jiertal dat neamd wurdt by it ynwennertal.
Stêd Russysk Bestjoersienheid Ynwenners Wappen Lokaasje Andreapol Андреаполь Andreapol 6.703 40px Beli Белый Beli 3.057 40px Beli Gorodok Белый Городок Kimry 1.842 Bezjetsk Бежецк Bezjetsk 20.097 40px Bologoje Бологое Bologoje 20.178 40px Firovo Фирово Firovo 1.849 Izoplit Изоплит Konakovo 1.559 . Kalasjnikovo Калашниково Lichoslavl 4.345 Kaljazin Калязин Kaljazin 12.294 40px Kasjin Кашин Kasjin 13.576 40px Kesova Gora Кесова Гора Kesova Gora 3.638 40px Kimry Кимры stedsdistrikt 42.301 40px Konakovo Конаково Konakovo 35.407 40px Kozlovo Козлово Konakovo 3360 Krasnomajski Красномайский Vysjni Volotsjok 4.636 (2018) Krasny Cholm Красный Холм Krasny Cholm 4.950 40px Kûszjenkino Куженкино Bologoje 2.247 Kûsjinovo Кувшиново Kûsjinovo 8.853 40px Lichoslavl Лихославль Lichoslavl 11.285 40px Maksaticha Максатиха Maksaticha 7.277 Molokovo Молоково Molokovo 1.743 Nelidovo Нелидово Nelidovo 17.639 40px Novozavidovski Новозавидовский Konakovo 6.202 Olenino Оленино Olenino 4.526 Orsja Орша Kalininski 2.067 Osjorny Озёрный Stedsdistrikt (sletten stêd) 10.758 40px Ostasjkov Осташков Ostasjkov 15.187 40px Peno Пено Peno 3.354 Radtsjenko Радченко Konakovo 1.317 Ramesjki Рамешки Ramesjkovski 3.983 Redkino Редкино Konakovo 10.612 Rzjev Ржев Stedsdistrikt 56.399 40px Sandovo Сандово Sandovo 2.930 Selizjarovo Селижарово Selizjarovo 5.538 Solnetsjny Солнечный Stedsdistrikt (sletten stêd) 2.021 40px Sonkovo Сонково Sonkovo 3.555 Spirovo Спирово Spirovski 5.739 Staraja Toropa Старая Торопа Zapadnaja Dvina 1.535 Staritsa Старица Staritsa 7.222 40px Sûbtjov Зубцов Sûbtjov 6.084 40px Sûchoverkovo Суховерково Kalininski 603 Toropets Торопец Toropets 11.527 40px Torzjok Торжок Stedsdistrikt 43.614 40px Tver* Тверь Stedsdistrikt 424.912 40px Udomlja Удомля Udomlja 26.726 40px Vasiljevski Moch Васильевский Мох Kalininski 2.140 Velikooktjabrski Великооктябрьский Firovo 1.794 Vesjegonsk Весьегонск Wessjegonsk 5.846 40px Vysjni Volotsjok Вышний Волочёк Stedsdistrikt 44.722 40px Zapadnaja Dvina Западная Двина Zapadnaja Dvina 7.608 Zjarkovski Жарковский Zjarkovski 2.873
Ekonomy De tekstylfabriken foarmen eartiids ien fan de wichtichste wurkjouwers yn it gebiet. Tsjintwurdich binne fral de lânbou en de metaalferwurking grutte wurkjouwers. Dêrnjonken is ien fan de grutste ûndernimmings de fabryk yn Tver dêr't treinen makke wurde. Yn de stêd Konakovo is in grutte wetterkrêftsintrale, dy't net allinne de stroom fan Tver mar ek fan Moskou foar in part fersoarget. Tradysjoneel is de gemy goed fertsjintwurdige yn Tver.
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1935