John Richard Deacon (Leicester, 19 augustus 1951) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as de bassist fan Queen. Deacon en syn mei-bandleden fan Queen waarden yn 2001 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Karriêre Deacon begûn as tolve jierrige mei gitaarspyljen. Deacon studearre elektroanika yn Londen. Hy hie fan syn fjirtjinde ôf al by in pear lytse bands sitten, lykas The Opposition en syn eigen bandsje Deacon. Hy spile earst gitaar, mar bespile úteinlik foaral de basgitaar om't de oarspronklike bassist út syn band set waard. Hoewol't er him fan 1969 oant 1970 in skoft fokust hat op syn stúdzje, woe er al gau wer diel wêze fan in band. Yn febrewaris 1971 moete hy Roger Taylor en Brian May yn in disko yn Londen fia in freon. Freddie Mercury, Taylor en May hiene yn 1970 al de band Queen foarme, en hja sieten destiids sûnder bassist. Deacon wie ynearsten net ynteressearre doe't er se live seach yn oktober 1970, mar besleat nei de moeting yn febrewaris 1971 dochs audysje by de band te dwaan en waard oannaam. John Deacon bleau nei it ferstjerren fan sjonger Freddie Mercury yn 1991 noch in skoft by Queen, tegearre mei Brian May en Roger Taylor. Mar yn 1997 hat bassist John Deacon himsels weromlutsen út it iepenbiere libben en hat sûnt noch mar sporadysk kontakt mei Brian May, Roger Taylor en manager Jim Beach. Hy stapte yn 1997 út de band omdat er fynt dat Queen yn it sin brocht wurde moast sa't de band yn har heechtiidsdagen wie.

Priveelibben Deacon is sûnt 1975 boaske mei Veronica Tetzlaff, en tegearre hawwe sy seis bern.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Queen13 july 1973QueenKeep Yourself Alive,LiarQueen II8 maart 1974Seven Seas of RhyeSheer Heart Attack8 novimber 1974Killer Queen,Now I'm HereA Night at the Opera21 novimber 1975Bohemian Rhapsody,You're My Best FriendA Day at the Races10 desimber 1976Somebody to Love,Tie Your Mother Down,Teo Torriatte (Let Us Cling Together),Good Old-Fashioned Lover Boy,Long AwayNews of the World28 oktober 1977We Are the Champions,Spread Your Wings,It's LateJazz10 novimber 1978Bicycle Race,Don't Stop Me Now,Mustapha,JealousyThe Game30 juny 1980Crazy Little Thing Called Love,Save Me,Play the Game,Another One Bites the Dust,Need Your Loving TonightFlash Gordon8 desimber 1980FlashHot Space21 maaie 1982Under Pressure,Body Language,Las Palabras de Amor,Calling All Girls,Staying Power,Back ChatThe Works27 febrewaris 1984Radio Ga Ga,I Want to Break Free,It's a Hard Life,Hammer to FallA Kind of Magic2 juny 1986One Vision,Princes of the Universe,A Kind of Magic,One Year of Love,Friends Will Be Friends,Pain Is So Close to Pleasure,Who Wants to Live ForeverThe Miracle22 maaie 1989I Want It All,Breakthru,The Invisible Man,Scandal,The MiracleInnuendo4 febrewaris 1991Innuendo,I'm Going Slightly Mad,Headlong,These Are the Days of Our Lives,The Show Must Go OnMade in Heaven6 novimber 1995Heaven for Everyone,A Winter's Tale,Too Much Love Will Kill You,I Was Born to Love You,Let Me Live,You Don't Fool Me

Kategory:Queen Kategory:Ingelsk bassist Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Persoan berne yn 1951