De oblast Jaroslavl (Russysk: Ярославская область; Jaroslovskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn Ruslân. Haadstêd is Jaroslavl.
De oblast is part fan it Sintraal Federaal Distrikt en grinzget oan de oblasten Vladimir, Vologda, Ivanovo, Kostroma, Moskou en Tver.
De ôfstân fan Moskou oer it spoar is 282 km, mei de auto 265 km en is himelsbreed 250 km.
De oblast leit yn it noarden fan de Easteuropeeske Leechflakte. Eartiids bestie it hiele gebiet fan de oblast út ticht nullewâld en mingd bosk, mar tsjintwurdich bestiet it gebiet út boulân en bosk mei bjirkebeammen en popelieren. Grutte stikken binne ek somplân. De oblast wurdt troch de Wolga midstwa dield.
Foar de Twadde Wrâldkriich wie de oblast ien fan de meast yndustrialisearre oblasten fan Sintraal-Ruslân. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de oblast bombardearre; de slimste bombardeminten wiene yn de nachten fan 10 en 21 juny 1943.
Bestjoer Yn maart 1936 waard yn de USSR it doetiidske oblast Ivanovo opdield yn de nije oblasten Ivanovo en Jaroslavl. It tsjintwurdige oerflak krige de oblast yn 1944 nei't in diel ôfskieden waard foar de oprjochting fan it nije oblast Kostroma.
De oblast Jaroslavl is ferdield yn 17 rajons en trije stedsdistrikten. Dy trije stedsdistrikten binne de trije grutste stêden.
Nû. Rajon Russysk Ynwenners (2021) Kaart 1 Bolsjeselski Большесельский 8.967 2 Borisoglebski Борисоглебский 11.830 3 Brejtovski Брейтовский 5.686 4 Danilovski Даниловский 23.751 5 Gavrilov-Jamski гаврилов-Ямский 24.585 6 Jaroslavski Ярославский 67.675 7 Ljûbimski Любимский 10.266 8 Mysjkinski Мышкинский 9.205 9 Nekouzski Некоузский 13.229 10 Nekrasovski Некрасовский 18.629 11 Uglitsjski Угличский 44.218 12 Pereslavski Переславский 20.076 13 Pervomajski Первомайский 9.779 14 Posjechonski Пошехонский 12.425 15 Rostovski Ростовский 61.721 16 Rybinski Рыбинский 25.274 17 Tûtajevski Тутаевский 55.169
Grutste stêden De belangrykste stêden binne njonken de haadstêd Jaroslavl Rybinsk en de stêden Rostov en Pereslavl-Zalesski. + Grutste stêden Namme Russysk Ynwenners (2021) Jaroslavl Ярославль 601.403 Rybinsk Рыбинск 182.383 Tûtajev Тутаев 39.749 Pereslavl-Zalesski Переславль-Залесский 37.391 Uglitsj Углич 31.452 Rostov Ростов 30.406
Befolkingsûntwikkeling Jier 1897 1928 1959 1979 1990 2000 2010 2020 Befolking 1.071.355 1.351200 1.395.627 1.424.806 1.472.126 1.406.111 1.272.468 1.253.389
Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1936