Ugnaughts (inkeltal: Ugnaught; útspr.: [ˈʌɡnɔːt], likernôch: "ak-nôt") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. It binne humanoïden mei in gnobsk lichemsstal en in lingte fan tusken de 1.20 m en 1.50 m. Harren gesichtsskaaimerken hawwe wol wat wei fan dy fan in baarch. Ugnaughts wurkje oer it algemien as arbeiders en/of rommelsikers. Se waarden yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, wêryn't se te sjen wiene as wurkers yn Lando Calrissian syn eksploitaasje fan tibannagas yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin. Se waarden oan 'e film tafoege as betinksel fan regisseur Irvin Kershner. Star Wars-skepper George Lucas wie net wei fan harren om't se him in ras fan slaven talieken, en hy woe Calrissian, it earste negroïde personaazje yn 'e franchise, net as slavehâlder delsette. Ugnaughts wiene neitiid ek te sjen yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, de tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, de live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian, de roman Boba Fett: Crossfire en ferskate fideospultsjes.
Kategory:Fiktive bûtenierdske libbensfoarm út Star Wars Kategory:Fiktyf elemint yntrodusearre yn 1980
en:List of Star Wars species (U–Z)#Ugnaught