Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, oarspronklik útbrocht ûnder de titel The Empire Strikes Back, is in Amerikaanske science fiction-film út 1980 mei eleminten fan fantasy en aventoerefiksje. It is it twadde diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de Skywalker Saga-filmsearje, en heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise. De film is it ferfolch op Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back waard regissearre troch Irvin Kershner mei yn 'e haadrollen Mark Hamill, Harrison Ford en Carrie Fisher. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering V – It Keizerryk Slacht Werom".

De film pikt it ferhaal trije jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film op. De Galaktyske Boargeroarloch tusken it Rebelleferbûn en it diktatoriale Galaktysk Keizerryk duorret noch altyd fuort. De jonge Luke Skywalker giet yn training om in Jedi-ridder te wurden by de âlde Jedi-master Yoda. Underwilens wurde syn freonen Han Solo en prinsesse Leia hjitfolge troch Darth Vader, de foarnaamste trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Nei gâns aventoeren sykje se beskûl yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op 'e planeet Bespin, dat in mynboukoloanje is dy't bestjoerd wurdt troch Lando Calrissian, in âlde maat fan Han. Dêr rinne se lykwols yn 'e fâle.

Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 1980. Efterôf wurdt it beskôge as ien fan 'e bêste films dy't ea makke is en as in foarbyld fan hoe't in ferfolch de oarspronklike film oertreffe kin. Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back wûn 2 Oscars, in BAFTA, 2 Grammys, 4 Saturn Awards en in Hugo. Yn 2010 waard de film opnommen yn it National Film Registry. It ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, kaam út yn 1983.

Plot Trije jier nei de ferneatiging fan 'e Deadsstjer troch it Rebelleferbûn (sjoch: Star Wars: Episode IV – A New Hope), duorret de Galaktyske Boargeroarloch noch altyd fuort. De romtemacht fan it Galaktysk Keizerryk, ûnder lieding fan Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, stjoert withoefolle ferkenningsrobots nei alle úthoeken fan it Stjerrestelsel om 'e nije basis fan it Rebelleferbûn te lokalisearjen. Ien ferkenningsrobot berikt de ôfhandige iisplaneet Hoth, dêr't de rebellen mank snie en iis harren Basis Echo fêstige hawwe.

De jonge Luke Skywalker, no in luitenant yn 'e legermacht fan it Rebelleferbûn, is krekt bûten de basis op patrûlje as er sjocht wat er tinkt dat in meteorytynslach is (mar wat eins de hurde lâning fan 'e ferkenningsrobot is). Hy giet op ûndersyk út, mar ear't er it plak fan 'e ynslach berikke kin, wurdt er oanfallen troch in wampa, in rôfdier dat lânseigen is op Hoth. Dy deadet de tauntaun dy't Luke beriidt en jout Luke sels in feech mei de klau yn it gesicht dêr't er it bewustwêzen troch ferliest. As er wer bykomt, hinget er ûnderstboppest oan it dak fan 'e iisgrot fan 'e wampa. Hy wit himsels mei syn ljochtsabel te befrijen en ûntsnapt út 'e grot nei't er de wampa by in konfrontaasje swier ferwûne hat.

Sûnder ryddier of manear ta kommunikaasje mei de basis is er lykwols foar de dea opskreaun yn 'e freeslike kjeld op Hoth. Foar't er fannijs it bewustwêzen kwytrekket, diskear troch ûnderkuolling, hat er in fizioen fan syn ferstoarne master Obi-Wan Kenobi, dy't tsjin him seit dat er nei de planeet Dagobah gean moat om fierder ta Jedi-ridder oplaat te wurden troch Yoda, fan wa't Obi-Wan sels ek noch ûnderrjocht ûntfongen hat.

As Luke mar net weromkomt op 'e basis giet syn freon, de eardere smokkelder Han Solo, dy't no by de rebellen de rang fan kaptein hat, der op syn tauntaun op út om him te sykjen. Tsjin 'e tiid dat er him úteinlik befongen troch de kjeld weromfynt, wurdt it al tsjuster. Wylst syn tauntaun beswykt oan 'e fluch sakjende temperatuer, hat Han mar kwealk genôch tiid om in tinte op te setten dy't him en Luke foar de nacht waarm hâlde moat. De oare moarns wurde se weromfûn troch sikers fan Basis Echo en yn in snieglider weromflein nei de basis, dêr't Luke yn 'e sikeboech al gau opbetteret.

Underwilens pikke de rebellen in sinjaal op dat fan Hoth ôf ferstjoerd wurdt, mar net troch harren. De androïde C-3PO, dy't mear as seis miljoen foarmen fan kommunikaasje machtich is, identifisearret it as in Keizerlike koade. De lieders fan 'e rebellen, generaal Rieekan en prinsesse Leia, krije dêrtroch foar it ferstân dat Basis Echo fûn is troch in ferkenningsrobot, dat se jouwe befel om te risselwearjen foar de ûntromming fan 'e basis. It sinjaal fan 'e robot bringt de Keizerlike float nei Hoth ta, dêr't de grutte romteskippen lykwols troch in flater fan admiraal Ozzel sa ticht by de planeet út 'e hyperromte komme, dat se fuort opmurken wurde troch de rebellen, dy't in enerzjyskyld oer de basis hinne aktivearje dat in bombardemint út 'e romte wei sinleas makket.

Vader, dy't poerlulk oer dy lêste ûntwikkeling is, deadet Ozzel troch him mei de Krêft te ferstikken en befoarderet kaptein Firmus Piett foar him yn it stee ta admiraal. Der sit no neat oars op as om 'e rebellebasis mei in grûnoanfal yn te nimmen. Dêrta wurde der stoarmtroepers op it planeetoerflak set, dy't mei reuseftige AT-AT-rinners nei de basis transportearre wurde. Luke, Wedge Antilles en de oare piloaten fan it Rebelleferbûn geane der yn sniegliders op út om tiid te winnen foar de evakuaasje. Se witte ferskate AT-AT's te ferneatigjen, mar it slagget harren net om 'e oanfal ôf te slaan. Underwilens kinne de measte rebellen lykwols ûntkomme troch de ynset fan in grut ioanekanon, dêr't mei foarkommen wurdt dat de stjerreslachskippen fan 'e Keizerlike float de ûntsnappende rebellen tenei komme kinne.

As troch besjittings fan 'e stoarmtroepers in diel fan 'e basis ynstoart en prinsesse Leia dêrtroch it romteskip net mear berikke kin dat har fuortbringe soe, nimme Han en syn ko-piloat, de Wookiee Chewbacca, har en C-3PO mei yn harren romteskip de Millennium Falcon. It slagget harren skoan om fan 'e planeet te ûntkommen, mar ienris yn 'e romte blykt de hyperoandriuwing fan 'e Millennium Falcon stikken te wêzen. Dêrtroch kinne se net nei in oar planetestelsel springe en moatte se op in oare wize oan 'e skippen fan 'e Keizerlike float sjen te ûntkommen. Han fljocht mei opsetsin in asteroïdefjild yn, dêr't de efterfolgjende TIE-jagers al rillegau ferûngelokje troch botsingen mei yndividuele asteroïden. Darth Vader hat ûnderwilens fia holografyske tillekommunikaasjeapparatuer in petear mei keizer Palpatine, dy't er oerhellet om him besykje te litten om Luke ta de tsjustere kant fan de Krêft te bringen. Syn talint foar de manipulaasje fan 'e Krêft kin harren ommers goed fan pas komme.

Underwilens set Luke mei de robot R2-D2 yn syn X-wjukjager ôf fan Hoth. Mar ynstee dat er him nei it yn 't foar ôfsprutsen moetingspunt fan 'e rebellen bejout, set er, ta argewaasje fan R2-D2, koers nei Dagobah. Dêr oankommen blykt it in sompige, dridzige wrâld sûnder folle ynnimlikens te wêzen. De iennichste yntelliginte bewenner dy't Luke treft, is in lyts grienhûdich wêzentsje dat him útlaket, syn iten oanfret, syn besittings fandalisearret, syn bûslampe stelt en himsels yn algemiene sin op oantsjitjaande wize hâldt en draacht. It wêzentsje seit te witten wêr't Yoda is, mar wegeret dat te sizzen oant nei it iten, dat Luke lit himsels meitroaie nei de wente fan it wêzen, dy't te lyts foar him is. As er úteinlik syn nocht hat en risselwearret om op te stappen, docht ta syn skok bliken dat it griene wêzentsje sels Yoda is.

Han-en-dy sykje mei harren skip beskûl yn in grot yn ien fan 'e gruttere asteroïden, dêr't se yn alle rêst de hyperoandriuwing reparearje kinne. Meitiid komt lykwols oan it ljocht dat it gjin grot is, dêr't se yn flein binne, mar de kiel fan in reuseftich romtewêzen dat de grot bewennet. Se witte mar kwealk op 'e tiid te ûntkommen. As se dan de Keizerlike float wer efter harren oan krije, keart Han de Millennium Falcon om en fljocht de folle gruttere stjerreslachskippen temjitte as wol er se oanfalle. Nei't se oer de brêge fan ien fan 'e skippen skeare, ferdwine se spoarleas. It docht lykwols bliken dat Han syn skip magnetysk oan 'e efterkant fan 'e brêge fêstmakke hat, op in plak dêr't se út 'e brêge wei ûnsichtber binne. As de Keizerlike float foar it ôfsetten nei oare oarden alle ôffal dumpt, lit er de Millennium Falcon kalmkes mei alle oare rommel fuortsweve. Troch al dy aventoeren hinne groeit it kibjende pearke Han en Leia almar mear nei inoar ta, oant se op in stuit in tút útwikselje.

Han mient dat er mei syn slûchslimme ûntsnapping alle efterfolging ôfskodde hat, mar dat is bûten de Mandaloriaan Boba Fett rekkene. Dyselde is in preemjejager, ien fan in stikmannich fan sokken dy't troch Vader gearroppen en útstjoerd binne om 'e Millennium Falcon te sykjen. Wylst Han yn oerlis mei Leia en Chewbacca koers set nei de gasreus Bespin, dêr't in âlde maat fan sines, de gokker Lando Calrissian, in mynboukoloanje bestjoert, folget Fett de Millennium Falcon op 'e foet. Yn 'e Stêd yn 'e Wolkens op Bespin wurde Han, Chewbacca en Leia gastfrij ûnthelle troch Lando, mar C-3PO ferdwynt nei't er by it omsneupen wat sjoen hat dat er net sjen mocht. Chewbacca fynt de androïde letter yn stikken werom yn in recyclingfasiliteit dy't eksploitearre wurdt troch in groep Ugnaughts en besiket him wer yninoar te setten, mei brike resultaten. Ear't C-3PO fier genôch hinne reparearre is om te fertellen wat him oerkommen is, wurde Han, Leia en Chewbacca finzen nommen troch Darth Vader en syn stoarmtroepers. Warskôge troch Boba Fett hawwe dyselden Bespin in oere foàr de Millennium Falcon berikt en Lando twongen om mei te wurkjen oan it opsetten fan in mûklaach.

Op foarspraak fan 'e geast fan Obi-Wan nimt Yoda Luke mei tsjinnichheid as learling oan. Neitiid traint er Luke om te learen hoe't er mei de ljochte kant fan 'e Krêft omgean moat, en hoe't er de negative emoasjes wjerstean moat dy't him ferliede soene ta de tsjustere kant fan de Krêft, sa't mei Vader bard is, dy't eartiids in learling fan Obi-Wan wie. Luke hat der lykwols in protte muoite mei om syn lulkens en ympulsiviteit te behearskjen, en de wiere aard en macht fan 'e Krêft ûntgiet him oant er sjocht hoe't Yoda troch telekineze sûnder swierrichheden de sonken X-wjukjager út it moeras tilt en op it drûge set. Dêrnei giet it better, mar as Luke in foarsizzend fizioen kriget wêryn't Han en Leia pine lije, kin er de kop der net mear by hâlde. Tsjin 'e beswieren fan Yoda en de geast fan Obi-Wan yn beslút er en brek syn training ôf om fuort te gean en syn freonen te rêden. Wylst se him neisjogge, merkt Obi-Wan tsjin Yoda op dat Luke harren lêste hope is, mar Yoda leit dêrtsjin yn: "Der is noch in oarenien."

Yn 'e Stêd yn 'e Wolkens lit Vader Han martelje. Dêrnei beslút er en brûk him as proefknyn om út te finen oft in minske it oerlibje kin om yn 'e tibannagasraffinaderij fan Lando, dy't beärbeide wurdt troch Ugnaughts, yn (de fiktive stof) karbonyt ynferzen te wurden. De finzenname fan Han, Leia en Chewbacca wie nammentlik foar him in middel ta in doel: om harren as lokies te brûken foar Luke. Want dat is dejinge dêr't wier belangstelling foar hat. Foar't Han ynferzen wurdt, jout Leia einlings ta dat se fan him hâldt. Neitiid draacht Vader de ynferzen Han oer oan Boba Fett, dy't him meinimt nei de planeet Tatooine, dêr't de gangster Jabba de Hutt Han in hege preemje op 'e holle set hat.