Griet(je) Hoogstins-Bijlsma (Earnewâld, 9 febrewaris 1915 - Kanada, 16 novimber 2010 yn Kanada) wie in Fryske hurdrider.

Karriêre De 19e-iuwske reedrydkampioene Lutske Wester (1870-1912) wie in muoike fan Bijlsma. Grietje Bijlsma die fan har fjirtjinde ôf oan mei oan wedstriden yn Fryslân. Vrouwen op het ijs en in de baan, Nieuwsblad van Friesland, 24 desimber 1935. Hja wie yn 1933 de twadde Nederlânske froulike reedrydkampioen op de koartebaan.Utslaggelisten Yn jannewaris fan dat jier wie foar de earste kear it NK Koartebaan foar froulju hâlden. Grietje Bijlsma wûn op 17 desimber 1933 it twadde NK yn Wergea foar Pietje Feitsma en Trijntje Hemminga.

Priveelibben Yn 1935 boaske Bijlsma oan Johannes Hoogstins fan Garyp.Openarchieven Yn 1951 emigrearre hja mei har húshâlding en âlden nei Ladner by Vancouver, Kanada. Dêr is hja op 16 novimber 2010 ferstoarn.My Heritage

Sjoch ek Nederlânske kampioenskippen koartebaanriden

Kategory:Frysk reedrider Kategory:Kanadeesk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Earnewâld Kategory:Persoan berne yn 1915

.