Star Wars: Episode IV – A New Hope, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Star Wars, is in Amerikaanske science fiction-film mei fantasy- en aksjefilmeleminten út 1977. It is it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, de Skywalker Saga-filmsearje en de hiele Star Wars-mediafranchise. De film waard skreaun en regissearre troch George Lucas. De haadrollen waarden spile troch de doe noch folslein ûnbekende akteurs Mark Hamill, Carrie Fisher en Harrison Ford. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering IV – In Nije Hoop".

De plot folget de jonge Luke Skywalker, dy't fia de androïden R2-D2 en C-3PO yn 'e kunde komt mei de âlde Jedi-master Obi-Wan Kenobi. Dyselde leart him om de Krêft te manipulearjen, in enerzjyfjild dat talintearre brûkers skynber boppenatuerlike fermogens jaan kin. Luke slút freonskip mei de smokkelder Han Solo en syn Wookiee-ko-piloat Chewbacca en rekket behelle yn 'e opstân fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk. Mei-inoar befrije se de rebelske prinsesse Leia, dy't finzen nommen is troch Darth Vader, de wichtichste trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine, en leverje se de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen, ôf by de rebellen. Neitiid nimt Luke diel oan in oanfal op 'e Deadsstjer om dy te ferneatigjen.

Doe't Star Wars: Episode IV – A New Hope nei in turbulint produksjeproduksje útbrocht waard, krige er fan 'e filmkritisy fan alle kanten lof taswaaid. Yn 'e bioskopen woeks de film út ta in reuseftich súkses. It wie feitliks de meast opbringende film fan 1977 en teffens de meast opbringende film aller tiden. Star Wars: Episode IV – A New Hope wûn 7 Oscars, in Golden Globe, 2 BAFTA's en 13 Saturn Awards. Yn 1989 wie it ien fan 'e earste 25 films dy't omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen waarden yn it National Film Registry. Star Wars: Episode IV – A New Hope wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films út 'e filmskiednis. In folgjend diel út 'e Skywalker Saga, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, kaam út yn 1980.

Titel De film waard yn 1977 oarspronklik útbrocht ûnder de titel Star Wars, mei't doe noch net dúdlik wie oft it in súkses wurde soe of net, en dus oft der ferfolchfilms makke wurde kinne soene of net. Doe't er yn 1981 op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht waard, wie dêr gjin inkele twifel mear oer mooglik. Om 'e film better te ûnderskieden fan 'e ferfolchfilms (wêrfan't Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back doe al útkommen wie), waarden doe mei weromwurkjende krêft de nûmering (Episode IV) en de ûndertitel (A New Hope) tafoege. Hoewol't guon puristen der op steane om 'e film noch altyd koartwei Star Wars te neamen, bestiet der oer it algemien in konsensus dat de tafoegings út 1981 in ferbettering ynhâlde dy't betizing foarkomt.

Plot Lang ferlyn, yn in Stjerrestelsel fier, fier fuort is in opstân geande tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk. De opstannelingen, feriene yn it Rebelleferbûn, hawwe mei grut ferlies oan libbens de blaudrukken witten te stellen fan 'e Deadsstjer, in reuseftich nij romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan it Keizerryk, dat mei syn superlaserkanon hiele planeten ferneatigje kin. Prinsesse Leia Organa, in lid fan 'e Keizerlike Senaat dy't temûk ek ien fan 'e lieders fan it Rebelleferbûn is, hat de blaudrukken taspile krigen en reizget yn har romteskip halje-trawalje werom nei har thúswrâld Alderaan om se dêr troch te jaan.

It romteskip, in korvet mei de namme Tantive IV dy't ûnder befel stiet fan kaptein Raymus Antilles, wurdt lykwols by de planeet Tatooine ûnderskept troch in Keizerlik stjerreslachskip mei oan board de ûnmeilydsume Sith-hear Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Wylst Keizerlike stoarmtroepers de Tantive IV interje en handich ôfweve mei de soldaten fan 'e Alderaanske Konsulêre Wacht dy't it skip ferdigenje, ferberget prinsesse Leia de blaudrukken yn it ûnthâld fan 'e astromeganisiên-androïde R2-D2. Nei't de prinsesse troch de stoarmtroepers finzen nommen is, ûntkomt R2-D2 mei de protokolandroïde C-3PO yn in rêdingskapsule nei it oerflak fan Tatooine.

De beide androïden bedarje yn 'e woastyn, dêr't it meastepart fan Tatooine mei oerdutsen is. Unienichheid oer de rjochting dy't se út moatte, driuwt harren útinoar, mar se wurde allebeide fongen troch Jawa's, de leden fan in pygmeesk ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine. De Jawa's binne rommelsikers en nifelders, dy't ôftanke en stikken rekke masinery gearfandelje en opknappe wylst se yn harren ûnbidich grutte en tige feilige, mar ek hiel traach fuortbewegende sânkrûper troch de woastyn swalkje. De Jawa's ferkeapje de beide androïden oan in pleatslike fochtboer, Owen Lars. Dyselde draacht se oer oan syn omkesizzer en pleechsoan, de njoggentjinjierrige Luke Skywalker, om se nei te sjen en oan it wurk te setten.

Luke is ûngelokkich op 'e pleats fan syn omke Owen en muoike Beru. Net dat er mishannele of op hokfoar manear dan ek misjegene wurdt, mar syn omke besiket fan him in boer te meitsjen, en dat sit gewoan net yn him. Luke bringt syn frije tiid dan ek troch mei it dreamen fan gruttere en bettere dingen. Oer syn âlden wit er suver neat, útsein dat se koart nei syn berte ferstoarn binne. Eltse kear as er dat ûnderwerp oansnije wol, leit omke Owen dêr op besliste wize it near op. As Luke R2-D2 oant it himmeljen is fan alle sân en smoargens dy't de androïde by syn tocht troch de woastyn skipe hat, ûntdekt er in holografyske opname fan prinsesse Leia, dy't help freget oan in Obi-Wan Kenobi. Luke hat dy namme noch nea heard, mar hy ken wol in Ben Kenobi, in âldman dy't as klúzner foarby it begjin fan 'e Dunesee omhúsmannet en troch de pleatslike befolking as net alhiel geastlik ynoarder beskôge wurdt. R2-D2 hâldt út dat hy it eigendom is fan Obi-Wan Kenobi.

As Luke nei it jûnsmiel werom komt, docht bliken dat R2-D2 poater is. De lytse androïde is der blykber op eigen manneboet op útgien om Obi-Wan Kenobi te sykjen. Hy hat gâns in foarsprong en is nearne te bekennen, en nei tsjuster is it te gefaarlik om him efternei. Luke, dy't by it himmeljen de twangklam fan R2-D2 ferwidere en dêrmei it útnaaien mooglik makke hat, beslút neat tsjin syn omke en muoike te sizzen, om't er wol foar it ferstân hat dat der wat swaaie sil as omke Owen dit heart. Ynstee giet er der de oare moarns betiid ôf en set mei C-3PO yn syn lânglider ôf om R2-D2 werom te heljen foar't omke Owen troch hat dat der wat mis is. Hy wurdt lykwols opmurken troch guon Tusken-kapers, leden fan in notoir ksenofobysk ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine, dy't him op harren bantha's, mânske ryddieren, efternei sette.

Krekt as Luke R2-D2 weromfûn hat, wurdt er oanfallen troch de Tusken-kapers, dy't him bewusteleas slane. Hy en de beide androïden wurde lykwols rêden troch Ben Kenobi, dy't de skrikfallige wêzens op 'e flecht jaget troch de pearrop fan in kraytdraak nei te bearen. As Luke út 'e doeken docht wat er yn 'e woastyn te sykjen hat, fertelt Ben Kenobi dat hy de Obi-Wan Kenobi is, dy't R2-D2 siket. Obi-Wan is syn wiere namme, mar ien dy't er al mear as tweintich jier net brûkt hat.

Obi-Wan nimt Luke en androïden mei nei syn wente, dêr't se feilich binne foar de Tusken-kapers. R2-D2 jout dan oan Obi-Wan it boadskip fan prinsesse Leia priis, dat er foar Luke net fierder ôfspylje woe. It docht bliken dat de holografyske bylden dy't Luke sjoen hat, mar in lyts stikje beslane fan in langere opname. Dêryn sprekt Leia Obi-Wan oan as "generaal Kenobi", en makket se der gewach fan dat har heit mei him yn 'e Kloane-oarloggen fochten hat. Se smeekt him om derfoar te soargjen dat de blaudrukken fan 'e Deadsstjer har thúswrâld Alderaan berikke, dêr't har heit se yn ûntfangst nimme sil. Se kinne dan analysearre wurde op swakten yn it ûntwerp dêr't de rebellen gebrûk fan meitsje kinne om mei de Deadsstjer ôf te weven. Leia beëiniget har boadskip mei it sizzen dat Obi-Wan de iennichste hoop fan it Rebelleferbûn is.

Obi-Wan leit oan Luke út dat er foarhinne in Jedi-ridder wie, ien fan 'e bewarders fan 'e frede yn 'e âlde Galaktyske Republyk, foar't de republyk ûnder fuotten helle waard en de Jedi frijwol útrûge waarden. De Jedi meitsje gebrûk fan in mystike mar apersonele krêft, dy't bekend stiet as "de Krêft" en dy't troch Obi-Wan omskreaun wurdt as "in enerzjyfjild skepen troch alle libbene wêzens […, dat] it Stjerrestelsel gearbynt." Troch training en meditaasje kinne dyjingen dy't "sterk yn 'e Krêft" binne, fermogens bemachtigje dy't boppenatuerlik lykje, wêrûnder telekineze, telepaty, foarkennis en de manipulaasje fan fysike enerzjy. Obi-Wan fertelt Luke dat er syn heit, Anakin Skywalker, goed kennen hat, mei't dat ek in Jedi-ridder wie. As Luke freget wat der mei him bard is, antwurdet Obi-Wan dat er fermoarde is troch Darth Vader, in learling fan Obi-Wan dy't himsels ferliede liet troch de tsjustere kant fan 'e Krêft. Obi-Wan besiket Luke oer te heljen om mei him te gean nei Alderaan en jout him syn heite ljochtsabel, it wapen dêr't de Jedi harren mei ûnderskiede. Luke antwurdet lykwols dat er ferantwurdlikheden op syn omke' pleats hat dêr't er him net samar foar weiwine kin.

Underweis werom nei hûs stjitte Luke, Obi-Wan en de beide androïden op in útbaarnde sânkrûper, en dêromhinne leit it besiedde mei de stoflike omskotten fan deasketten Jawa's. Luke mient earst, it is it wurk fan Tusken-kapers, mar Obi-Wan wiist derop dat dy it wapenreau net hawwe om in sânkrûper op sa'n wize te fernielen. Inkeld Keizerlike stoarmtroepers hawwe dat. Luke riddenearret út dat de stoarmtroepers omreden fan 'e stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer op 'e siik wêze moatte nei de beide androïden, en dat de Jawa's harren foar har dea grif trochwiisd hawwe nei de pleats fan syn omke en muoike. Hy hastiget him yn syn lânglider werom nei hûs, mar treft de pleats alhiel oer de kop helle oan, mei bûtendoar de ferkoalde liken fan omke Owen en muoike Beru.

No't er neat mear hat om foar te bliuwen, jout Luke him by Obi-Wan. Mei de beide androïden op sleeptou reizgje se nei de delsetting Mos Eisley, in plak dat op it dochs al wetteleaze Tatooine in strieminne reputaasje hat. Luke ferkeapet syn lânglider om oan jild te kommen foar de ôfreis fan it selskip fan 'e planeet. Yn in snústerige kroech hantsjebakt Obi-Wan mei de smokkelder Han Solo en dy syn ko-piloat Chewbacca, in Wookiee. Dyselden sitte om jild ferlegen, mei't se in lading smokkelwaar oerboard dumpt hawwe doe't se trappearre drigen te wurden; de eigner fan it guod, de pleatslike gangster Jabba de Hutt, easket no dat se de kontrabande fergoedzje. Se stimme dermei yn om Obi-Wan, Luke en de beide androïden nei Alderaan te bringen yn harren romteskip, de Millennium Falcon. It selskip ûntkomt krekt op 'e tiid fan Tatooine, mei't stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk Obi-Wan-en-dy op 'e hakken sitte.