Robert Anthony Plant (West Bromwich, Staffordshire, 20 augustus 1948) is in Ingelsk sjonger. Hy waard benammen bekend as de sjonger fan Led Zeppelin. Plant waard mei syn mei-bandleden fan Led Zeppelin yn 1995 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Karriêre thumb|left|200px|Robert Plant yn 2007 Nei mar twa wike ferliet er de oplieding ta accountant om diel út te meitsjen fan de bluesscene yn de Ingelske Midlands. Plant song mei ferskate bands, wêrûnder de Crawling King Snakes, dy't him yn kontakt brochten mei drummer John Bonham. Hja spilen beide yn de Band of Joy en mongen blues mei nijere psychedelyske trends. Op oanrieden fan sjonger Terry Reid kaam Robert Plant yn de kunde mei Jimmy Page dy't in nije sjonger socht foar syn band. De band, dy 't yn 1968 ynearsten de " New Yardbirds " neamd waard, waard al gau bekend as Led Zeppelin. Mei Led Zeppelin had Jimmy Page acht studio-albums útbrocht. Nei it ein fan Led Zeppelin yn 1980 gie Plant fierder as soloartiest.

Priveelibben Robert Plant is twa kear boaske west en hat út dizze relaasjes fjouwer bêrn werfan ien al op jonge leeftiid ferstoar ta gefolch fan in mage sykte. Plant skreau mei Jimmy Page it nûmer All My Love as earbetoan oan syn soan.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Led Zeppelin12 jannewaris 1969Led ZeppelinGood Times Bad TimesLed Zeppelin II22 oktober 1969Whole Lotta LoveLed Zeppelin III5 oktober 1970Immigrant SongSûnder titelLed Zeppelin IV8 novimber 1971Black Dog,Rock and RollHouses of the Holy28 maart 1973Over the Hills and Far Away,D'yer Mak'er"Physical Graffiti24 febrewaris 1975Trampled Under FootPresence31 maart 1976Candy Store RockIn Through the Out Door15 augustus 1979Fool in the RainPictures at Eleven28 juny 1982Robert PlantBurning Down One Side,Pledge PinThe Principle of Moments11 july 1983Big Log,In the Mood,Other ArmsShaken 'n' Stirred20 maaie 1985Little by LittleNow and Zen29 febrewaris 1988Heaven Knows,Tall Cool One,Ship of FoolsManic Nirvana19 maart 1990Hurting Kind (I've Got My Eyes on You),Your Ma Said You Cried in Your Sleep Last NightFate of Nations25 maaie 1993I Believe,If I Were A Carpenter,Calling To You,29 PalmsDreamland 16 july 2002Morning Dew,Song to the Siren,Last Time I Saw HerMighty ReArranger 25 april 2005Shine It All Around,The EnchanterBand of Joy14 septimber 2010Lullaby and... The Ceaseless Roar9 septimber 2014Carry Fire 13 oktober 2017The May Queen,Bones of Saints,Bluebirds Over the MountainSaving Grace2025

Kategory:Led Zeppelin Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk bluesartyst Kategory:Ingelsk hardrockartyst Kategory:Persoan berne yn 1948