Rafael Nadal Parera (Manacor, Balearen, 3 juny 1986), better bekend as Rafa Nadal, is in Spaansk tennisser, en hat ienentweintich kear in Grandslam titel wûn. Nadal hat 90 titels yn it inkeldspul en 11 yn it dûbeldspul wûn. Dêrneist wûn hy 5 Davis Cup-titels mei de Spaanske nasjonale ploech en 2 Laver Cup-titels mei Team Europa. Op de ranglist fan heechste tal ATP-titels yn it inkeldspul stiet er op it fjirde plak.
Priveelibben Rafael Nadal is de neef fan âld-fuotballer Miguel Ángel Nadal. Syn oare omke Toni Nadal wie oant 2017 syn coach en hat in wichtige faktor west foar syn sukses. Nadal hat noch in jongere suster.
Kategory:Spaansk tennisser Kategory:Spaansk Olympysk kampioen Kategory:Katalaansk persoan Kategory:Persoan berne yn 1986