Stefania Turkewich (Oekraynsk folút: Стефанія Іванівна Туркевич Лісовська Лукіянович, transliteraasje: Stefanija Ivanivna Toerkevitsj Lisovska Lûkijanovytsj; Lviv (Eastenryk-Hongarije), 25 april 1898 – Cambridge (Ingelân), 8 april 1977) wie in Oekraynsk komponiste, pianiste en musikologe dy't de Britsk nasjonaliteit hie. Hja wie de earste en grutste froulike komponist út 'e Oekraïne. Har wurken wiene yn 'e Sovjet-Uny ferbean.Ukrainian Art Song Project – Stefania Turkewich

Libben en karriêre thumb|250px|Middelste rige (fan l. nei rj.): suster Irena, broer Lev (mei racket), Stefania, om 1915 hinne Jonkheid Stefania's pake (Lev Turkevich), en har heit (Ivan Turkevich) wiene prysters. Har mem Sofia Kormoshiv wie pianiste en studearre by Karol Mikuli en Vilém Kurz, en begelate ek de jonge Solomiya Krushelnytska. De hiele famylje wie muzikaal en elkenien spile in ynstrumint. Stefania spile piano, harp en harmoanium.

Stúdzjes Stefania begûn har muzykstúdzjes by Vasyl Barvinsky. Fan 1914 oant 1916 studearre se yn Wenen as pianiste by Vilém Kurz. Nei de Earste Wrâldoarloch studearre se by Adolf Chybiorie ski oan de Universiteit fan Lviv en wenne ek syn lêzingen oer muzykteory by oan it Konservatoarium fan Lviv.

Yn 1919 skreau se har earste muzykwurk Liturgy, dat ferskate kearen opfierd waard yn de Katedraal fan St. George yn Lviv. Yn 1921 studearre se by Guido Adler oan de Universiteit fan Wenen en Joseph Marx oan de Universiteit foar Muzyk en Poadiumkeunsten yn Wenen, dêr't se yn 1923 ôfstudearre mei in learare-oplieding.

Yn 1925 troude se mei Robert Lisovskyi en reizge mei him nei Berlyn, dêr't se fan 1927 oant 1930 wenne en studearre by Arnold Schönberg en Franz Schreker. Yn 1927 waard dêr har dochter Zoya berne.

Yn 1930 ferfear se nei Praach yn Tsjecho-Slowakije, studearre by Zdenapark Nejedlãoan de Karelsuniversiteit en by Otakar Šín oan it Konservatoarium fan Praach. Se studearre ek komposysje by Vít-zslav Novák oan de muzykakademy. Yn de hjerst fan 1933 learde se piano en waard se begelieder oan it konservatoarium fan Praach. Yn 1934 ferdigene se har proefskrift oer it ûnderwerp Oekraynske folkloare yn Russyske opera's. Se helle har doktoraat yn de musikology yn 1934 oan de Oekraynske Frije Universiteit yn Praag. Se waard de earste frou út Galicië (dat doe part fan Poalen wie) mei in Ph.D.

Werom yn Lviv, fan 1934 oant it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch, wurke se as dosint muzykteory en piano oan it Konservatoarium fan Lviv en waard se lid fan de Uny fan Oekraynske Profesjonele Musisy.

Twadde Wrâldoarloch Yn de hjerst fan 1939, nei de Sovjetbesetting fan West-Oekraïne, wurke Stefania as tutor en konsertmaster yn it Lviv Opera House, en fan 1940 oant 1941 wie sy universitêr haaddosint oan it konservatoarium fan Lviv. Nei de sluting fan it konservatoarium, mei de Dútske besetting, bleau se lesjaan oan de Steatmuzykskoalle. Yn 'e maitiid fan 1944 teach se út Lviv wei nei Wenen. Op 'e flecht foar de Sovjets ferhuze se yn 1946 nei Súd-Eastenryk en dêrwei nei Italië, dêr't har twadde man, Nartsiz Lukyanovich, in dokter ûnder Britsk befel wie.

Ingelân Yn 'e hjerst fan 1946 ferhuze Stefania nei it Feriene Keninkryk en wenne se yn Brighton (1947-1951), Londen (1951-1952), Barrow Gurney (by Bristol) (1952-1962 ), Belfast (Noard-Ierlân) (1962-1973 ) en Cambridge (fan 1973 ôf oan). Ein jierren fjirtich sette se wer útein mei komponearjen. Ut en troch trede se wer op as pianiste, benammen yn 1957 mei in rige konserten yn Oekraynske mienskippen yn Ingelân en yn 1959 mei in konsert mei pianomuzyk yn Bristol. Se wie lid fan de British Society of Women-Composers and Musicians (dy't oant 1972 bestie). Har opera Tsar Okh waard yn 1970 yn Winnipeg (Kanada) útfierd yn de Centennial Concert Hall, ûnder de artistike lieding fan har suster Irena Turkevycz-Martynec.

Komposysjes Symfonyske wurken Symfony nr. 1 - 1937 Symfony nr. 2(a) - 1952 Symfony nr. 2(b) (2e ferzje) Symfony - 1956 Trije symfonyske sketsen, 3 july 1975 Symfonysk gedicht "La Vitа" Space Symphony, 1972 Suite foar dûbele strykorkesten Fantasy foar dûbele strykorkesten

Balletten The Girl with the Withered Hands - Bristol, 1957 It Keatling Spring - (Bernballet) 1934-5 Mavka (Wâldnymf; Berneballet), 1964-1967, Belfast The Scarecrow, 1976

Opera Mavka - (ûnfoltôge) basearre op Lesia Ukrainka's Forest Song

Operas foar bern Tsar Okh of Oksana's Heart, 1960 De Jonge Duvel A Vegetable Plot (1969)

Koarwurk Liturgy, 1919 Psalm oan Sheptytsky Foar de Slach Trijelûk Kroliskova (Ah, Der is Gjin Kat) 1946

Keamermuzyk - ynstrumintele wurken 1935 - Sonate foar fioele en piano Strykkwartet, 1960 - 1970 Trio foar fioele, altfioele en sello 1960 - 1970 Kwartet foar twa fioelen, altfioele, sello en piano 1960 - 1970 Trio foar fluit, klarinet, fagot 1972

Piano Fariaasjes op it Oekraynske tema, 1932 Fantasia: Suite foar piano oer Oekraynske tema's, 1940 Impromptu, 1962 Groteske, 1964 Mountain Suite, 1966-1968 Syklus fan stikken foar bern, 1936 - 1946 Oekraynske krystferskes en Shchedrivka Goede Tyngen Kryst mei Harlequin, 1971

Ferskaat Heart - Solostim mei orkest Lorelei - Ferteller, harmoanium enpiano 1919 - tekst fan Lesia Ukrainka Maaie 1912 Tema's út folksferskes Independence Square - pianostik Lemkysk liet foar stim en snaren

Bibliografy Сокіл-Рудницька М. Пам’яті Стефанії Лукіянович // Вільне Слово. – Торонто, 1977. – 9 і 16 липня. – С. 3. Вовк В. Парастас для Стефанії Туркевич-Лукіянович // Наше Життя. – Нью-Йорк, 1992. – Ч. 5. – С. 6–9. Стельмащук Р. Забутий львівський композитор-неокласик (штрихи до творчого портрета Стефанії Туркевич) // Музика Галичини (Musica Galiciana) / Матеріали Другої міжнародної конференції. – Львів, 1999. – С. 276–281. Павлишин С. Перша українська композиторка // Наше Життя. – Нью-Йорк, 2004. – Ч. 1. – С. 14–16. Павлишин С. Перша українська композиторка: Стефанія Туркевич-Лісовська-Лукіянович. – Львів, 2004. Карась Г. Статика і динаміка жанру дитячої опери у творчості композиторів української діаспори ХХ ст. // Вісник Державної академії керівних кадрів культури і мистецтв. – Київ, 2010. – No. 2. – С. 89–93. Яців Р. Роберт Лісовський (1893–1982): дух лінії. – Львів, 2015. – С. 11, 13, 79–84, 91.

Keppeling om utens Ukrainian Art Song Project – Stefania Turkewich Stefania Turkewich: Galisiërs I | The Art Songs Muzyk en Memorial Museum "King Och" of it hert fan Oksana Film oer Stefania Turkewich De wrâldpremiêre fan de earste symfony fan Stefania Turkewich Trije symfonyske sketsen - World Premier Konsert wijd oan it 120e jubileum fan de berte fan Stefania Turkewich Premjêre. Stefania Turkewich-Lukiyanovich "Heart of Oksana" opera

Kategory:Oekraynsk komponist Kategory:Oekraynsk pianist Kategory:Oekraynsk musikolooch Kategory:Ingelsk komponist Kategory:Ingelsk pianist Kategory:Ingelsk musikolooch Kategory:Ingelsk persoan fan Oekraynsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1977