George Roger Waters (Great Bookham, Greefskip Surry, 6 septimber 1943) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as oprjochter, bassist en lietsjesskriuwer fan Pink Floyd. Roger Waters is de heit fan toetsenist Harry Waters.
Karriêre Pink Floyd (1965-1985) Roger Waters wie yn 1965 de orzjinele bassist en ien fan de oprjochters fan Pink Floyd. Yn 1985 stapte Waters mei rûzje út de band. Der bruts in perioade oan fan rjochtsaken en allerhanne juristerij, mei as ynset it rjocht om de namme Pink Floyd te brûken. Waters claimde it artistike brein fan de groep te wêzen, mar Nick Mason en benammen David Gilmour fierden oan dat sy ek gesichtsbepalend wiene. De rjochter stelde Waters yn it ûngelyk, mar kende him wol in oandiel yn de takomstige royaltys ta. Dat foarrjocht wie al earder Syd Barrett tafallen, lykwols sûnder rjochtsaak. Mei Pink Floyd had Waters alve studio-albums útbrocht.
Solo karriêre Yn 1984 brocht Waters syn earste solo-album út, The Pros and Cons of Hitch Hiking, in plaat dy't doe tagelyk mei The Wall troch him skreaun wie. Op de plaat binne lange, stevige gitaarsolo's fan Eric Clapton te hearren. Solo hat Roger Waters fiif studio-albums útbrocht.
Priveelibben Roger Waters waard berne yn Great Bookham, greefskip Surry, Ingelân, as soan fan in luitenant dy't seis moane foar't er berne waard omkaam by de lâning by Anzio yn Itaalje. Dat barren hat altyd fan grutte ynfloed west op it libben en de lietsjes fan Waters. Waters is fiif kear boaske en hat twa bêrn.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band SinglesThe Piper at the Gates of Dawn4 augustus 1967Pink FloydFlamingA Saucerful of Secrets29 juny 1968Let There Be More LightUmmagumma7 novimber 1969Atom Heart Mother2 oktober 1970Meddle5 novimber 1971One of These DaysThe Dark Side of the Moon1 maart 1973Money,Us and ThemWish You Were Here12 septimber 1975Have a Cigar, Shine On You Crazy Diamond (Part I)Animals21 jannewaris 1977The Wall30 novimber 1979Another Brick in the Wall, Part 2,Run Like Hell,Comfortably NumbThe Final Cut21 maart 1983Not Now JohnThe Pros and Cons of Hitch Hiking30 april 1984Roger WatersThe Pros and Cons of Hitch Hiking,Every Stranger's EyesRadio K.A.O.S.15 juny 1987Radio Waves,Sunset Strip,The Tide Is Turning (After Live Aid),Who Needs InformationAmused to Death1 septimber 1992What God Wants, Part I,The Bravery of Being Out of Range,Three WishesIs This the Life We Really Want?2 juny 2017Smell the Roses,Déjà Vu,The Last RefugeeIgor Stravinsky's The Soldier's Tale26 oktober 2018
Kategory:Pink Floyd Kategory:Ingelsk bassist Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Persoan berne yn 1943