De Dûane (Nederlânsk: Douane) is de dûanetsjinst fan 'e Nederlânske oerheid, dy't belêstge is mei it tafersjoch op ynfier, útfier en trochfier fan guod yn Nederlân. De wichtichste taken fan 'e tsjinst binne it ynjen fan dûanerjochten, it ûnderskeppen fan smokkele guod dêr't sokke rjochten net oer betelle binne en it oan 'e grins heinen fan ferbean guod dat smokkele wurdt, lykas drugs, wapens of swier fjoerwurk. Ek it bestriden fan minskesmokkel heart ta de taken fan 'e Dûane.
De Dûane waard yn 1809 oprjochte, yn 'e tiid fan it Keninkryk Hollân.Digitale Reis door de Geschiedenis van Belastingen in Nederland, op 'e webside fan it Belasting- en Douanemuseum De tsjinst ressortearret bestjoerlik ûnder it Nederlânsk Ministearje fan Finânsjes. It foech fan 'e Dûane wurdt ûntliend oan 'e Algemiene Dûanewet, de Dûane- en Aksynswet BES en oan 'e status fan dûaniers as bûtengewoan opspoaringsamtner.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Dûane
Kategory:Dûane Kategory:Nederlânske plysjetsjinst Kategory:Oerheid fan Nederlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1809