De dûane (fan it Frânske douane) is in oerheidstsjinst belêstge mei it ynjen fan ynfierrjochten en de bestriding fan smokkeljen. Dat wurdt dien troch it kontrolearjen fan persoanen en fracht dy't it oangeande lân binnenkomme. It wurkterrein fan 'e dûane beslacht sadwaande grinsoergongen, havens en lofthavens. Immen dy't wurket by de dûane is in dûanier (útspr.: "dûanjee").
Taken en foech fan 'e dûane ferskille per lân. Yn guon lannen en territoaria is de dûane inkeld in spesjalisearre ôfdieling fan 'e belestingtsjinst, dy't belesting inet en belestingfraude oanpakt. Yn oare lannen is de dûane lykwols in plysjetsjinst is dy't ek ferantwurdlik is foar de grinsbewekking.
Dûanetsjinsten yn ûnderskate lannen Austraalje: Australian Border Force Belgje: Algemene Administratie Douane en Accijnzen Denemark: Toldstyrelsen Dútslân: Bundeszollverwaltung Feriene Keninkryk: Her Majesty's Revenue and Customs Feriene Steaten: United States Customs and Border Protection Frankryk: Direction générale des Douanes et Droits indirects Ierlân: Revenue Commissioners / Na Coimisinéiri Ioncaim Itaalje: Agenzia delle Dogane e dei Monopoli Kanada: Canada Border Services Agency Nederlân: Douane Nij-Seelân: New Zealand Customs Service Noarwegen: Tolletaten Ruslân: Fjederalnaja Tamozjennaja Slûzjba Rossiskoj Fjederatsii Sina: Zhōnghuá Rénmín Gònghéguó Hǎiguān Zǒngshǔ (General Administration of Customs of the People's Republic of China) Spanje: Servicio de Vigilancia Aduanera Suriname: Douane Sweden: Tullverket
Kategory:Plysje Kategory:Ynternasjonale hannel Kategory:Lienwurd út it Frânsk