Platoon is in Amerikaanske oarlochsfilm út 1986 ûnder rezjy fan Oliver Stone, mei yn 'e haadrollen Charlie Sheen, Tom Berenger en Willem Dafoe. Stone skreau ek it senario foar de film, dat er basearre op syn eigen ûnderfinings as ynfanterist yn 'e Fjetnamoarloch. De titel betsjut "Peloton". It ferhaal folget Chris Taylor, in jonge rekrút fan it Amerikaanske Leger, dy't yn 1967 nei Fjetnam stjoerd wurdt. Hy bedarret dêr yn in peloton mei in luitenant dy't like grien is as hysels, en dy't it befel oan syn ûnderofsieren oerlit. As der ûnder lieding fan 'e pelotonssersjant in oarlochsmisdie begien wurdt, en Taylor syn seksjesersjant him dêrtsjin oankantet, rekket it peloton ferdield yn twa fijannige groepen. Platoon krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid, en yn 'e bioskopen wie de film ek in kommersjeel súkses. Platoon waard nominearre foar acht Oscars en wûn dêrfan fjouwer, wêrûnder de Oscars foar Oscar foar Bêste Film en dy foar bêste regisseur. De film wûn ek de Golden Globe foar Bêste Film – Drama en twa oare Golden Globes, twa BAFTA's en ferskate oare prizen. Yn 2019 waard de film opnommen yn it National Film Registry.
Plot Yn 1967 wurdt Chris Taylor, dy't him as frijwilliger oanmeldt by it Amerikaanske Leger, nei Súd-Fjetnam stjoerd om mei te fjochtsjen yn 'e Fjetnamoarloch. Hy wurdt yndield by in peloton ynfantery fan Bravo Kompanjy fan 'e Amerikaanske 25e Ynfanterydifyzje, dy't deunby de grins mei Kambodja legere is. It peloton stiet yn namme ûnder lieding fan 'e jonge luitenant Wolfe, mar dy is suver like grien as Taylor, en yn wurklikheid fiert sersjant Barnes it befel, bystien troch oare ûnderofsieren, lykas de sersjants Elias, O'Neill en Rhah.
Fuort nei syn oankomst wurdt Taylor op patrûlje stjoerd mei Barnes, Elias en in kloft soldaten dy't al langer yn Fjetnam binne en gâns ûnderfining opdien hawwe. Der binne ynljochtings dat in ienheid fan it Noardfjetnameeske Leger dêrsanne omstipt, dat de Amerikanen sette in mûklaach op. Te neare nacht wurdt Taylor troch eamelders wekker biten, en ûntdekt er dat Junior, de soldaat oan wa't er de wacht oerdroegen hie, wer yn 'e sliep rekke is. It slagget de Noardfjetnamezen dêrtroch om deunby de liny fan 'e sliepende Amerikanen te kommen foar't Taylor alaarm slacht en der in koart fjoergefjocht plakfynt. In oare nije rekrút, Gardner, dy't tagelyk mei Taylor yn Fjetnam oankommen wie, sneuvelet dêrby, wylst Taylor sels licht ferwûne rekket as in kûgel de sydkant fan syn hals skampt. Junior besiket de skuld foar syn hast fatale flater Taylor op 'e lea te skowen troch te sizzen dat it Taylor syn wacht wie en dat hy yn 'e sliep fallen wie.
As Taylor nei in koart ferbliuw yn in fjildhospitaal by it peloton weromkeart, slút er freonskip mei Elias, dy't him yntrodusearret by Rhah en in stikmannich maten. Dy groep bringt suver alle frije tiid troch mei it smoken fan marihûana. De strikte Barnes hat Taylor wol ûntsach foar, mar Barnes syn stege persoanlikheid nûget net út ta sluten fan freonskip.
By in lettere patrûlje, op Nijjiersdei 1968, komme twa soldaten fan it peloton om troch in falstrikbom, wylst in oaren ûngemurken ûntfierd wurdt troch ûnsjoene fijannen en letter fermoarde weromfûn wurdt. As it peloton, dat dochs al ûnder heechspanning stiet, yn in doarpke dêr fuortby wapens oantreft, slacht ien fan 'e soldaten, de psychopatyske "Bunny", in lichaamlik beheinde Fjetnamees dea mei de kolf fan syn mitrailleur, wêrnei't er ek de mem fan 'e jongeman deasjit. Dat bart foar de eagen fan in feralterearre Taylor.
Underwilens befreget Barnes de haadman fan it doarp, troch de tsjinsten fan Lerner, in soldaat dy't Fjetnameesk sprekt, oer de wapens. De man seit dat er troch it Noardfjetnameeske Leger twongen is om 'e wapens op te slaan. Dat is net it antwurd dat Barnes hearre wol, en as de man by de eskalearjende ûnderfreging folhâldt dat it de wierheid is, sjit Barnes syn frou dea en set dan syn jonge dochterke in pistoal tsjin 'e holle oan. Op dat stuit arrivearret Elias, dy't mei inkele mannen de efterhoede fan it peloton diek, en rekket slaande deilis mei Barnes oer de behanneling fan 'e doarpelingen.
Dêrtroch wurdt luitenant Wolfe twongen om einlings en te'n lêsten yn te gripen en de beide mannen útinoar helje te litten. Hy ûntstriidt lykwols dat er Barnes wat dwaan sjoen hat dat ferkeard is. Dêrop swart Elias dat er derfoar soargje sil dat Barnes foar syn dwaan, dat dúdlik in oarlochsmisdie is, foar de kriichsrie brocht wurdt. Wolfe jout befel om it doarp plat te baarnen. Wylst dy oarder útfierd wurdt, ûntdekt Taylor dat in stik as seis soldaten, freonen fan Barnes, op in sideplak dwaande binne mei in pear jonge Fjetnameeske famkes. Hy grypt daliks yn en makket in ein oan 'e groepsferkrêfting. As er mei de famkes by de oare soldaten wei rint, sjocht er dat Elias, dy't in ein fierderop stiet, him beächtet. Harren mienskiplike yngripen by dingen dy't net troch de bûgel kinne, makket dat se neitiid noch nauwer befreone reitsje.
As it peloton weromkomt op 'e basis, leit Elias de kwestje fan Barnes syn hâlden en dragen foar oan 'e kommandant fan 'e kompanjy, kaptein Harris. Dyselde ûnthjit dat der ûndersyk nei de saak dwaan sil sadree't de hjoeddeistige misje foarby is, en as er útfynt dat Barnes yndie dingen útheefd hat dy't misdiedich binne, sil er him persoanlik foar de kriichsrie bringe. Neitiid wrokket Barnes tsjin Elias, mei't er wit dat dyselde perfoarst tsjin him tsjûgje sil. It peloton rekket ferdield yn twa kampen: Barnes en syn oanhingers, en Elias en syn freonen. It ûnderling fertrouwen kriget in flinken knau en it brekme oan gearhing yn 'e ienheid boazet stadichwei oan.
Op 'e folgjende patrûlje rint it peloton yn in mûklaach fan it Noardfjetnameeske Leger en wurdt fêstset troch fijannich fjoer. Yn 'e sjitpartij reitsje ferskate Amerikanen ferwûne, wylst luitenant Wolfe de sitewaasje noch minder makket troch him yn 'e geografyske koördinaten te fersinnen en in artillerybesjitting op harren eigen posysje oan te freegjen. Barnes, dy't derfoar soarget dat de besjitting stillein wurdt, feecht him dêr de mantel foar út. Taylor lit heldemoed sjen troch ien fan 'e ferwûnen, Warren, dy't hielendal foaroan rûn, werom te skuorren nei de eigen linys en him sa it libben te rêden. Elias nimt Taylor en twa oaren mei fansiden om in flankearjende beweging fan 'e fijân tsjin te kearen. Barnes oarderet de rest fan it peloton om werom te lûken, en giet dan sels efter Elias-en-dy oan, sabeare om harren itselde befel te jaan. Barnes treft Elias allinne yn it oerwâld oan, hevet syn mitrailleur en sjit him trije kear yn it boarst. Dêrnei giet er werom en fertelt Taylor dat Elias troch de fijân deasketten is. Wylst it peloton yn Bell UH-1 Iroquois "Huey"-helikopters evakuëarre wurdt, sjogge se de swierferwûne Elias draven, dy't efterfolge wurdt troch in kloft Noardfjetnameeske soldaten. Fjoer út 'e masinegewearen fan 'e helikopter is net genôch om him te rêden, en hy wurdt troch de fijân trochsingele mei kûgels.
Taylor konkludearret dat Barnes him foarliigd hat, wat betsjutte moat dat Elias syn ferwûnings troch Barnes sels feroarsake wêze moatte. Werom op 'e basis besiket Taylor om Rhah, King en de oare freonen fan Elias oer te heljen om Barnes te fermoardzjen út wraak foar de dea fan Elias, mar dêr binne de oaren net botte hjit op. Dan docht bliken dat Barnes harren ôflústere hat, en hy daget harren út om it te prebearjen. Inkeld Taylor is sa dryst en fal him oan, mar Barnes is kundich yn man-tsjin-mangefjochten en kin him maklik oer. Hy hellet in mês foar 't ljocht en liket op it punt te stean om Taylor dea te stekken, mar Rhah flústeret him yn it ear dat er dêr teminsten tsien jier finzenisstraf foar krije sil. Dat Barnes snijt Taylor inkeld yn it wang ûnder syn each, sadat er dêr de rest fan syn libben in groede hawwe sil, en lit him dan gean.
It peloton wurdt weromstjoerd nei it front om in ferdigeningsliny op te setten. Wylst se risselwearje foar de striid kriget King, dy't syn jier yn Fjetnam mei koarten úttsjinne hat, tastimming om fuort. Taylor bemannet sadwaande in skuttersputsje mei in oare soldaat, dy't Francis hjit. Dy nachts fiere de Noardfjetnamezen in swiere oanfal op 'e posysjes fan 'e Amerikaanske 25e Ynfanterydifyzje út, en dêrby brekke se troch de ferdigening hinne. Yn fjoergefjochten op koarte ôfstân komt it meastepart fan it peloton om. Under de sneuvelen binne ek Junior, Bunny, luitenant Wolfe en de measte oanhingers fan sersjant Barnes. Sersjant O'Neill, dy't derom bekend stiet dat er oaren it leafst it smoarge wurke opknappe lit wylst hy himsels drukt, oerlibbet it gefjocht troch it lyk fan in oare Amerikaanske militêr oer him hinne te lûken, sadat de Noardfjetnamezen him foarby traapje. Taylor rekket breinroer en fiert in tsjinoanfal út, wêrby't er raar húshâldt ûnder de fijân, en Francis, dy't eins leaver útnaaie wol, fynt troch dat foarbyld genôch moed ek troch te fjochtsjen. Underwilens kringt in Noardfjetnameeske soldaat yn in selsmoardoanfal it haadkertier fan it bataljon binnen en blaast dat fan binnenút op. Kaptein Harris, dy't dêrnei it befel oernimt, oarderet de loftmacht om alle noch oerbleaune bommen op syn eigen posysje te smiten. Yn 'e gaos fan it gefjocht komme Taylor en Barnes inoar tsjin. Barnes is net mear foar rede fetber en besiket Taylor te fermoardzjen, mar krekt foar't er dat dwaan kin, falle de bommen op it kamp en reitsje beide mannen bewusteleas troch de skokweach.
De oare moarns komt Taylor wer by sûpe en stút. Hy is ferwûne rekke, mar pakt in gewear fan 'e fijân op en siket oant er Barnes fynt. Dyselde is ek ferwûne en jout him befel om in hospik foar him te heljen. Mar Taylor hat folslein syn nocht fan Barnes en sjit him ynstee dea. Francis, dy't de fjildslach ûnskansearre oerlibbe hat, stekt himsels mei opsetsin yn 'e boppeskonk. As er letter op in brankaar njonken Taylor leit, bringt er dy yn 't sin dat se allebeide nei hûs geane, mei't se no twaris ferwûne rekke binne. Kaptein Harris jout sersjant O'Neill, as heechste noch libbene ûnderofsier, it befel oer de restanten fan it peloton. Taylor en Francis wurde yn in helikopter laden en útswaaid troch harren maten wylst se fuortfleane. As Taylor de kraters fol mei liken sjocht, wurdt it him allegearre tefolle en begjint er te gûlen. Yn in voice-over fertelt er dat, hoewol't de oarloch foar him no foarby is, syn ûnderfinings him de rest fan syn libben bybliuwe sille, krekt as de oantins oan Elias en Barnes, wa har deilisskip yn syn tinzen komt te stean foar de striid tusken goed en kwea yn 'e minske.
Rolferdieling
haadrollen personaazje akteur/aktrise soldaat Chris Taylor / voice-over Charlie Sheen sersjant Barnes Tom Berenger sersjant Elias Willem Dafoe
byrollen personaazje akteur/aktrise sersjant O'Neill John C. McGinley King Keith David Big Harold Forest Whitaker Bunny Kevin Dillon Junior Reggie Johnson sersjant Rhah Francesco Quinn luitenant Wolfe Mark Moses kaptein Harris Dale Dye Francis Corey Glover Lerner Johnny Depp Crawford Chris Pedersen Gardner Bob Orwig Manny Corkey Ford Tex David Neidorf Sal Richard Edson Warren Tony Todd
Produksje en distribúsje Foarskiednis Platoon is basearre op 'e ûnderfinings fan Oliver Wood ûnder de Fjetnamoarloch yn Súd-Fjetnam. Nei't er dêrwei weromkeard wie, skreau er yn 1968 in senario dat er Break neamde; dat wie in semy-autobiografysk ferslach fan wat er meimakke hie en ek fan 'e relaasje mei syn âldelju. Hoewol't Break nea ferfilme waard, foarme it de grûnslach foar it lettere Platoon. Yn 'e iere 1970-er jierren wurke Stone mei Robert Bolt, in âldere senarioskriuwer mei mear wurkûnderfining, oan it skript foar in film dy't The Cover-up komme moatte soe te hjitten, mar dy't nea makke waard. Stone learde lykwols gâns by troch syn gearwurking mei Bolt. Neitiid skreau er in nij senario, Platoon, dêr't er de wichtichste personaazjes út Break foar brûkte.