Stephen Hunter (Kansas City (Missoery), 25 maart 1946) is in Amerikaansk skriuwer, essayist en filmkritikus. Yn 2003 waard him de Pulitzerpriis foar Krityk takend.

Libben en karriêre Jonkheid en oplieding Hunter waard yn 1946 berne yn Kansas City, yn 'e Amerikaanske steat Missoery, as de soan fan Charles Francis Hunter, in heechlearaar logopedy, en dy syn frou Virginia Ricker, in skriuwster fan berneboeken. Hy groeide op yn Evanston, yn Illinois, krekt benoarden Chicago, dêr't syn heit ferbûn wien oan 'e Noardwestlike Universiteit. Syn heit waard yn 1975 fermoarde troch twa manlike prostituees.

Nei't er yn 1968 ôfstudearre wie oan 'e Noardwestlike Universiteit mei in bachelorgraad yn sjoernalistyk, waard Hunter oproppen foar it ferfoljen fan syn tsjinstplicht. Hy tsjinne twa jier yn it Amerikaanske Leger yn 'e 'Alde Garde', it Amerikaanske 3e Ynfanteryrezjimint, in ienheid dy't yn Washington, D.C. stasjonearre is en operasjonele misjes kombinearret mei seremonieel fertoan, benammen oangeande it wachthâlden by it Grêf fan 'e Unbekende Soldaat op it Nasjonaal Begraafplak Arlington. Yn dy tiid skreau Hunter ek foar in krante fan it Amerikaanske Leger, de Pentagon News.

Karriêre Yn 1971 naam Hunter in baan oan by The Baltimore Sun, dêr't er tsien jier lang op 'e redaksje wurke oan kopijtarieding. Yn 1982 waard er filmkritikus by deselde krante, in posysje dy't er behold oant er yn 1997 oerstapte nei The Washington Post, dêr't er itselde wurk die. Yn 2003 wûn er foar syn resinsjes de prestizjeuze Pulitzerpriis foar Krityk. Yn 2008, doe't de Post besunigje moast, ferliet Hunter de krante mei in gouden hândruk en hold er op as kritikus.

Underwilens hied er ek súkses berikt as romanskriuwer, en dêr leid er him doe fierder op ta. Yn dy hoedanichheid is Hunter benammen bekend fan 'e Bob Lee Swagger-romansearje oer in Amerikaanske slûpskutter en de Earl Swagger-trilogy. Fierders skreau Hunter ek essays en inkele non-fiksjeboeken, wêrfan't it bekendste, American Gunfight (2005), de moardoanslach behannelet troch Portorikaanske nasjonalisten op presidint Harry Truman op 1 novimber 1950.

Priveelibben Hunter stiet bekend as in grut leafhawwer fan fjoerwapens en in oanhinger fan frij wapenbesit yn 'e Feriene Steaten. Dat beskôget er as in grûnrjocht dat fêstlein wêze soe yn 'e Amerikaanske Grûnwet, en hy hat it yn ferskate opinystikken en fraachpetearen ferdigene.

Wurk Fiksje Romans 1980 – The Master Sniper 1982 – The Second Saladin 1985 – Target (in ferboeking fan 'e film mei deselde namme) 1985 – The Spanish Gambit (letter werútbrocht ûnder de titel Tapestry of Spies) 1989 – The Day before Midnight Bob Lee Swagger-searje 1993 – Point of Impact 1996 – Black Light 1998 – Time to Hunt 2007 – The 47th Samurai 2008 – Night of Thunder 2009 – I, Sniper 2010 – Dead Zero (ek ien fan 'e Ray Cruz-boeken) 2013 – The Third Bullet 2014 – Sniper's Honor 2017 – G-Man 2019 – Game of Snipers 2022 – Targeted 1994 – Dirty White Boys (in prequel fan Black Light) Earl Swagger-trilogy 2000 – Hot Springs 2001 – Pale Horse Coming 2003 – Havana Ray Cruz-boeken 2010 – Dead Zero (ek in diel fan 'e Bob Lee Swagger-searje) 2011 – Soft Target 2015 – I, Ripper 2021 – Basil's War Koarte ferhalen 2010 – Casey at the Bat (yn Agents of Treachery, û.red.f. Otto Penzier)

Non-fiksje 1996 – Violent Screen: A Critic's 13 Years on the Front Lines of Movie Mayhem 2005 – Now Playing at the Valencia: Pulitzer Prize-Winning Essays on Movies 2005 – American Gunfight: The Plot to Kill Harry Truman and the Shoot-out that Stopped It (mei John Bainbridge jr.)

Keppelings om utens Offisjele webside fan Stephen Hunter

Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Amerikaansk skrillerskriuwer Kategory:Amerikaansk misdieskriuwer Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk filmkritikus Kategory:Amerikaansk essayist Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Persoan berne yn 1946