Trapped Under Ice is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Metallica yn 1984 en útbrocht op it twadde album fan Metallica Ride the Lightning 1984. Trapped Under Ice wie it fiifde nûmer op it album.

Oer it nûmer Trapped Under Ice giet oer in persoan dy 't wekker wurdt út in ynferzen tastân. Him realiserend dat der nearne hinne kin en gjinien te help komme sil, wachtet de persoan helpleas op oankommende ûnheil. De yntro-riff fan it nûmer is skreaun troch Kirk Hammett doe't er spile by Exodus, en komt fan in demo mei de namme Impaler, dy't letter útbrocht waard op it album Tempo of the Damned út 2004.

Muzikanten James Hetfield – Sang & Gitaar Kirk Hammett – Gitaar Cliff Burton - Bas Lars Ulrich – Drums

Kategory:Liet fan Metallica Kategory:Ingelsktalich liet Kategory:Muzikaal wurk út 1984 Kategory:Metalliet