James Hetfield (Downey, 3 augustus 1963) is in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de sjonger fan Metallica. Hetfield en syn mei-bandleden waarden yn 2009 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame.

Karriêre James Hetfield begûn as jong jonkje mei piano spyljen en te drummen, as jonge puber gie er oer op gitaar. Hetfield rjochte 1981 mei drummer Lars Ulrich de band Metallica op, nei't Ulrich yn 1980 in advertinsje pleatst hie yn in pleatslike krante, dêr't Hetfield op reagearre hie. Foar Metallica spile en song hy yn tal lokale bandsjes. Yn augustus 1992 rekke James Hetfield ferwûne by in optreden fan Metallica. Troch in flater mei de pyrotechnyk rûn hy twadde- en treddegraads brânwûnen op. Metallica kearde 17 dagen letter werom nei it poadium mei Metal Church gitarist John Marshall as ynfaller foar Hetfield, James wie sels al yn steat om te sjongen. Mei Metallica had Hetfield tsien studio-albums opnaam. En in tal wrâldwide hits op syn namme stean, Master of Puppets, One, Enter Sandman, en Nothing Else Matters.

Priveelibben James waard berne yn Downey, Kalifornje, Amearika, hy hat twa hear-bruorren en ien suske. Syn âlden gien yn 1976 byinoar wei doe 't Hetfield 13 wie. Yn 1997 boaske Hetfield mei Francesca Tomasi sy ha trije bêrn. Yn 2001 liet Hetfield him opnimme yn in ôfkicksintra om syn jierrenlange drankswietens ûnder kontrole te krijen.

Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Kill 'Em All25 july 1983MetallicaWhiplash,Jump in the FireRide the Lightning27 july 1984Fade to Black,Creeping Death,For Whom the Bell TollsMaster of Puppets3 maart 1986Master of Puppets...And Justice for All6 septimber 1988Harvester of Sorrow,Eye of the Beholder,OneMetallicaThe Black Album12 augustus 1991Enter Sandman,The Unforgiven,Nothing Else Matters,Wherever I May Roam,Sad but TrueLoad4 juny 1996Until It Sleeps,Hero of the Day,Mama Said,King NothingReload18 novimber 1997The Memory Remains (ft. Marianne Faithfull),The Unforgiven II,Fuel,Better Than YouGarage Inc.24 novimber 1998Turn the Page (Bob Seger cover),Whiskey in the Jar,Die, Die My Darling (Misfits cover)St. Anger5 juny 2003St. Anger,Frantic,The Unnamed Feeling,Some Kind of MonsterDeath Magnetic12 septimber 2008The Day That Never Comes,All Nightmare Long,Broken, Beat & ScarredHardwired... to Self-Destruct18 novimber 2016Hardwired,Moth into Flame,Atlas, Rise!,Now That We're Dead,Spit Out the Bone

As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Man or AshWiseblood1996Corrosion of ConformityTwist of Cain,PossessionDanzig1988DanzigEclectic ElectricAntipop1999PrimusDrivin' RainThe Deep End, Volume 22002Gov't MuleBeautiful BrokenBeautiful Broken2016Heart

Kategory:Metallica Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Persoan berne yn 1963