De Comeniuspriis (net te betiizjen mei de Scheidegger-Comeniuspriis foar pedagogyk) is in Nederlânske priis dy't sûnt 2012 alle jierren útrikt wurdt by de Comeniusdei yn Naarden. It doel is 'om eare te bewizen oan in persoan of organisaasje dy't, op 'e selde streek stean mei it tinken en hanneljen fan Jan Amos Comenius, him op in yn it each rinnende wize ynset foar de belangen fan foarming, ûnderwiis, wittenskip en kultuer foar de ûntwikkeling fan de ynternasjonale mienskip'.Comeniusdag, webstee Het Comenius Museum
De priis bestiet út in oarkonde en in skulptuer fan Boheemsk kristal mei ynskripsje.
Laureaten 2012 – Robbert Dijkgraaf 2013 – Paul Schnabel 2014 – Louise Fresco 2015 – Geert Mak 2016 – Herman Van Rompuy 2017 – Jonathan Israel 2018 – Herman Tjeenk Willink 2019 – Mardjan Seighali 2020 – Tomáš Halík 2022 - Beatrice de Graaf Parseberjocht Comeniuspriis 2022 - Comeniusprijs 2022 naar Beatrice de Graaf, Comenius Oeuvreprijs naar Ko Colijn - Comeniuslezing door Burgemeester Ahmed Aboutaleb, 2022-02-08, webside Het Comenius Museum 2023 – Tineke Ceelen 2024 – Kim Putters
Kategory:Nederlânske kultuerpriis Kategory:Nederlânske wittenskipspriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 2012