Senlis is in plak en gemeente yn it noarden fan Frankryk. Foar it lân hat Senlis in wichtige keunst- en kultuerhistoaryske bydrage levere.
Geografy Senlis leit oan 'e rivier de Nonette, likernôch 50 kilometer noardlik fan Parys. De haadstêd fan it departemint, Beauvais, leit ek sa'n 50 kilometer fan Senlis en 33 kilometer noardlik fan 'e stêd leit in oare wichtige stêd fan it departemint, Compiègne. Foar de weryndielings fan 2016 lei Senlis yn 'e histoaryske kultuerregio Pikardje.
Skiednis thumb|left|Senlis yn 'e 17e iuw. Yn 'e Romeinske tiid wie Senlis ûnder de namme Augustomagus de haadstêd fan 'e Civitas Silvanectum, ien fan 'e bestjoersdistrikten fan 'e provinsje Belgica Secunda. Silvanectes is de Latynske namme fan in Keltyske stamme út dy omkriten. Dy namme feroare yn 'e rin fan 'e tiid lang om let ta it hjoeddeiske Senlis.
Sûnt de kroaning fan Hugo Capet wie Senlis foar in skoft de keninklike residinsjestêd fan Frankryk. De stêd makke yn 'e 12e en 13e iuw syn grutste bloei mei.
Yn 'e Earste Wrâldkriich waard Senlis op 2 september 1914 troch de Dútsers beset. Om't de Dútsers by it yngean fan 'e stêd besketten waarden, fusilearren de Dútsers doe seis minsken wêrûnder de boargemaster. Dêrnjonken waarden likernôch 110 hûzen oan 'e Rue de République en de Rue Bellon en it Palais de Justice yn 'e brân stutsen. It foarfal feroarsake in soad dalje en waard fakentiden brûkt yn 'e propaganda tsjin Dútslân. Op 10 septimber fan itselde jier waard de stêd troch de Frânsen werom ferovere.
Befolkingsûntwikkeling gemeente Senlis Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2019 Ynwenners 9.371 11.169 13.639 14.514 14.439 16.327 16.285 15.187
It besjen wurdich Cathédrale Notre Dame de Senlis (Us-Leaffrouwe fan Senlis) Chapelle royale Saint-Frambourg (Keninklike kapel fan Sint-frambourg) Ancienne église Saint Pierre (âlde Sint-Petrustsjerke; oant de Frânske Revolúsje de wichtichste parochytsjerke fan Senlis) Prieuré Saint Maurice (Sint-Mauritiuspriorij) de resten fan 'e fortifikaasjes om 'e binnenstêd Ancienne abbaye Saint Vincent, 30 Rue de Meaux (Sint-Finsintiusabdij) De resten fan it keninklik paleis mei it park 1e-iuwske oerbliuwsels fan Augustomagus (arena) en de muorre út 'e 3e iuw.
Musea Musée d’Art et d’Archéologie (keunst en archeology, ûnderbrocht yn it eardere biskoplike paleis) Musée des Spahis (Militêr museum foar it koloniale kavaleryregimint)
Keppeling om utens VVV Chantilly-Senlis
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk