Sodom is in Dútske trashmetalband oprjochte yn 1981 yn Gelsenkirchen. De band brocht yn 1986 syn debútalbum Obsessed by Cruelty út. De band had in protte wikselingen yn de besetting hân. De teksten fan de band gean benammen oer satanisme, godslastering, kriich, de dea en polityk. Sodom hat sechstjin studio-albums en seis live-albums útbrocht.

Skiednis Sodom waard yn 1981 oprjochten troch bassist Tom Angelripper, drummer Bloody Monster, sjonger en gitarist Aggressor. De band waard oprjochte as in wanhopich besykjen om te ûntkommen oan it wurkjen yn de koaleminen yn Gelsenkirchen. Bloody Monster waard al frij gau ferfongen troch Chris Witchhunter dy't in wichtige rol spyljen gie by it skriuwen fan de teksten. Ynspirearre troch bands as Iron Maiden, Judas Priest, Motörhead, Venom, Kiss, Tank, Accept, Raven, Rainbow, AC/DC en UFO. Aggressor ferlieet Sodom flak foar it útbringen fan de earste EP fan de band, hy waard yn earsten ferfongen troch Grave Violator mar die waard nei in jier al wer oan 'e kant setten foar gitarist Destructor, Wêrnei't de band yn 1986 harren earste album Obsessed by Cruelty útbrocht. De muzykstyl fan de band wie doe noch blackmetal. Net lang nei it earste album gie Destructor alwer fuort by de band om by Kreator te gean spyljen, syn ferfanger waard fûn yn Frank Blackfire dy't er foar soarge dat de muzykstyl fan de band feroare nei trashmetal. Yn 1987 kaam it twadde album út Persecution Mania neamd, it album wie al foar it grutste part yn de styl fan trashmetal al stiene der ek noch in oantal blackmetal nûmers op. Yn 1988 folge Agent Orange in folslein trashmetal album, it album sette Sodom stevig op de kaart tegearre mei Kreator, Destruction en Tankard as ien fan de fjouwer grutste Dútske trashmetalbands. Yn 1989 wiene der problemen binnen de band ta gefolch fan drankswietens en Frank Blackfire hie syn nocht der fan dat hy akseptearre it oanbod fan Kreator om dêr de twadde gitarist te wurden. Yn Michael Hoffmann earder fan Assassin waard in ferfanger foar Frank Blackfire fûn. Mar wilens it toernee yn Súd-Amearika yn 1991 besleat Hoffmann yn Brazylje te bliuwen, gitarist Andy Brings waard syn ferfanger. Yn 1992 kaam it album Tapping the Vein nei dit album waard drummer Witchunter ûntslein, syn ferfanger wie Atomic Steif earder fan Holy Moses. Oant 1995 bleau it ridlik rêstig yn de besetting fan de band Strahli waard doe de nije gitarist fan de band mar wie net lang lid, om't er yn 1996 oppakt waard fanwege drugs relatearre misdriuwen. Atomic Steif ferliet de band, dat se moasten op syk nei in nije gitarist en in oare drummer. Dizzen waarden fûn yn gitarist Bernemann en drummer Bobby earder fan Crows. Yn 2007 waard Sodom troch it label Steamhammer frêge om in CD yn de âlde line-up mei Witchhunter en Grave Violator te meitsjen dit waard it album The Final Sign of Evil, it lêste album dêr't Witchunter op te hearen is, hy ferstoar yn 2011 oan de gefolgen fan Lever problemen. Drummer Bobby ferliet yn 2010 de band en waard yn earsten ferfongen troch Makka en letter folge troch Husky earder fan Desaster. Yn 2017 kaam werom Frank Blackfire fan Kreator en gitarist Yorck Segatz kaam by de band. Yn 2020 moast drummer Husky de band ferlitte om't de band net mear te kombinearjen wie mei syn deistige wurk. Hy waard ferfongen troch Toni Merkel, hjirnei kaam it sechstjinde studio-album Genesis XIX út.

Diskografy thumb|260px|right|Tom Angelripper yn 2016 thumb|260px|right|Frank Blackfire yn 2018 Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesObsessed by Cruelty9 maaie 1986 Metal BladePersecution Mania1 desimber 1987SteamhammerAgent Orange1 juny 1989AusgebombtBetter Off Dead1 oktober 1990The Saw Is the LawTapping the Vein1 augustus 1992Get What You Deserve10 jannewaris 1994Masquerade in Blood1 juny 1995'Til Death Do Us Unite24 febrewaris 1997GUNCode Red31 maaie 1999DrakkarM-1622 oktober 2001SteamhammerSodom21 april 2006The Final Sign of Evil28 septimber 2007In War and Pieces19 novimber 2010Epitome of Torture26 april 2013Decision Day26 augustus 2016Genesis XIX27 novimber 2020

Live-albums Album Utbrocht op Label Mortal Way of Live1 oktober 1988SteamhammerLive in der Zeche Carl1994Marooned Live1 septimber 1994One Night in Bangkok28 july 2003Lords of Depravity Part I2005Lords of Depravity Part II28 juny 2010

Kompilaasje-albums Album Utbrocht opIn the Sign of Evil / Obsessed by Cruelty1 juny 1988Sodomania23 oktober 1991Ten Black Years -Best Of2 desimber 1996The Art of Killing Poetry10 novimber 201030 Years Sodomized:1982-201215 juny 2012Official Bootleg -The Witchhunter Decade22 juny 2012Days of Retributionapril 2016Demonized20 juny 2017Out of the Frontline Trench / Partisan20 novimber 2019

Kategory:Dútske metalband Kategory:Band oprjochte yn 1981